Fergees Read with MEE webinar oer lêsûntwikkeling fan meartalige bern
Ynteraktyf foarlêzen
Op tiisdei 27 jannewaris 2026 is elkenien, online, fan herte wolkom om it webinar ta gelegenheid fan de lansearring fan it nije hânboek fan it Read with MEE-projekt by te wenjen. Dit hânboek jout tagong ta nije wurkwizen en resinte ûntwikkelings op it mêd fan taalûntwikkeling, taalkundich ferskaat en ûndersyk nei meartaligens. It hânboek wurdt fergees beskikber makke op de website fan Read with MEE.
Yn it webinar sille dosint-ûndersikers fan projektpartner NHL Stenden fertelle oer ynteraktyf foarlêzen en oare praktiken dy't taalûntwikkeling yn meartalige klaslokalen yn de iere jierren befoarderje kinne.
It webinar wurdt iepene troch prof. Lorna Carson fan Trinity College Dublin en is op 27 jannewaris 2026 fan 16:15 oant 17:00 oere. Om de ZOOM-link te ûntfangen, kinst dyn e-mailadres hjir ynfolje.
Oer Read with MEE
It Erasmus+ projekt Read with Multilingual Early Education (Read with MEE) sil ynnovative tools en materiaal ûntwikkelje om de lêsfeardigens fan jonge meartalige bern (2-6 jier) te befoarderjen. It projekt spilet yn op in driuwende útdaging yn it ûnderwiis, omdat bern dy't meartalich opgroeie faak ûngelikense ûnderwiiskânsen hawwe yn ferliking mei harren ientalige leeftydsgenoaten. Troch de ûntwikkeling fan thústalen fan bern te stypjen en te wurdearjen, rjochtet it Read with MEE projekt him op wichtige Europeeske prioriteiten, lykas ynklusy en diversiteit yn it ûnderwiis en it ferbetterjen fan de basisfeardichheden fan jonge bern.
Read with MEE is in gearwurking tusken seis partners út Nederlân, België, Ierlân en Spanje. Dat binne ATiT (BE), NHL Stenden University of Applied Sciences (NL), 8D (NL), Trinity College Dublin (IE), University of the Basque Country (ES) en fansels it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (Fryske Akademy) yn Ljouwert.
Lês mear ynformaasje op Mercators projektpagina of op de Read with MEE website.