Skip to main content Skip to page footer

Foto: Marieke Balk

Fryske Akademy hjoed ticht fanwegen it waar

Fanwegen de grutskalige glêdens is de Fryske Akademy, dêr't it Mercator Europeesk Kennissintrum diel fan útmakket, hjoed de hiele dei sletten.

Omdat de kollega's net op kantoar komme kinne, binne gearkomsten ôfsein en is de Fryske Akademy net telefoanysk berikber. De plande ledemiddei giet spitigernôch ek net troch.

Jo kinne ús fansels wol altyd in e-mail stjoere. 

As alles meiwierret, is de Fryske Akademy moarn wer gewoan iepen! Graach oant sjen!