Fryske Akademy mei-organisator ynternasjonaal seminar oer Siuwske ringwal
Ut namme fan de Fryske Akademy is prof. dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm by it seminar belutsen. Hja is direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy, mar boppedat ek beneamd ta bysûnder heechlearaar Kultuerskiednis fan it súdlike Noardseegebiet yn de iere midsiuwen en Wytsingtiid.
Kennisdieling as fûnemint foar takomstplan
De ringwalboarch yn Burgh, de bêst bewarre fan fiif midsiuwske boargen yn Seelân, stiet oan 'e foarjûn fan in mânske werûntwikkeling. In wichtich ûnderdiel fan it projekt is it winnen en dielen fan kennis mei eksperts út binnen- en bûtenlân. De gemeente ferwachtet hjirmei wichtige ideeën en ynsichten te krijen foar de realisaasje fan de plannen.
De feitlike werynrjochting fan de ringwalburg stiet pland foar 2026, mei in mooglike útrin nei 2027. Dêrby wurdt ynset op it behâld fan it archeologyske karakter, it fourtsterkjen fan de natuerwearden, it ferbetterjen fan de lânskiplike ynpassing en it fergrutsjen fan de toeristyske belibbing yn Burgh-Haamstede.
Ferdigeningswurk út Wytsingtiid
Yn de 9de iuw waarden Europeeske kustgebieten fan Denemarken oant Frankryk teistere troch Fikingen. As ferdigening bouden bewenners saneamde ringwalboargen: fersterke delsettingen mei in ierden wâl en houten omheining.
Yn it programma fan 30 en 31 oktober jouwe ûndersikers fan û.o. KU Leuven, Museum Zuidoost-Denemarken, Wageningen University en ferskate gemeentes presintaasjes oer archeology, skiednis en takomst fan de iermidsiuwske ringwal. It seminar is in Boerderij Molenberg, Hogeweg 53 yn Burgh-Haamstede.
