Genealogysk Wurkferbân siket nije foarsitter en skriuwer
Wolsto dy ynsette foar de genealogy yn Fryslân, dit tema ûnder de minsken bringe en dy ferbine mei de Fryske Akademy? As fersterking fan ús wurkmienskip sykje wy in foarsitter én in skriuwer foar it Genealogysk Wurkferbân (willewurk).
Wy sykje in foarsitter dy’t (û.o.)
- niget hat oan en/of ûnderfining hat mei genealogy;
- graach organisearret en goed oersjoch bewarje kin;
- meitinke wol oer de takomst fan de wurkmienskip fan de Fryske Akademy;
- in deidiel yn de wike beskikber is.
- De wiidweidige oprop kinst hjir fine yn it Frysk en Nederlands.
En wy sykje in skriuwer dy't (û.o.)
- beslút- en aksjepunten goed bewekje kin;
- feardich is mei ferslaggen skriuwen;
- sawol it skriuwen yn it Frysk as it Nederlânsk goed behearsket of reewillich is om dit te learen;
- in deidiel yn de wike beskikber is.
- De wiidweidige oprop kinst hjir fine yn it Frysk en Nederlands.
 
Kofje?
Wolsto diel útmeitsje fan in netwurk fan likernôch 150 besiele genealogen en in bining opbouwe mei in wittenskiplike omjouwing? Wy wolle dy graach by in kopke kofje of tee mear fertelle oer dizze funksjes! Nim foar 3 desimber 2025 kontakt op fia e-mail mei Jantine van der West. Wy nimme sa gau as mooglik kontakt mei dy op.
