Mercator beleanne mei Italiaanske ALTRE EUROPE Award!
De ferrassing wie grut, doe't der in pear wiken lyn in telefoantsje kaam fan de Nederlânske ambassade yn Italië. Jelske Dijkstra, de hjoeddeistige projektmanager fan Mercator, en Cor van der Meer, dy't rom 20 jier projektmanager west hat en koartlyn pensjonearre is, waarden útnûge om ôf te reizgjen nei de Noard-Italiaanske stêd Udine om de ALTRE EUROPE Award yn ûntfangst te nimmen.
Fjirtich jier ûndersyksaktiviteiten
De útrikking fan dizze 'oeuvre'-priis wie op it SUNS Festival yn Udine, it festival foar poadiumkeunsten yn Europeeske minderheidstalen. De priis waard útrikt troch Federico Pirone, wethâlder fan Kultuer fan de gemeente Udine, en Carlo Puppo, foarsitter fan it evenemint.
Yn syn taspraak neamde Pirone trije redenen wêrom't Mercator de ALTRE EUROPE priis fertsjinne. Dat wie “foar hast fjirtich jier ûndersyksaktiviteiten dy’t benammen wijd wiene oan de minderheidstalen fan ús kontinint, foar de kwantiteit en kwaliteit en beskikberens fan de stúdzjes nei de situaasje fan minderheidstalen yn it ûnderwiis en nei taalkundige diversiteit, en omdat Mercator mei al dizze aktiviteiten in referinsjepunt is foar alle Europeeske minderheidsmienskippen en sa in ympuls jout oan it befoarderjen fan taalrjochten yn Europa.”
Grutsk
Jelske Dijkstra is wiis mei de priis: “Ik fyn it enoarme opstekker foar Mercator. De priis is in grutte wurdearring en erkenning fan ús wurk. Dit waard moarns by it programma foar skoalbern ek befêstige troch de learkrêften dy’t nei ús ta kamen.” Moarns wiene Dijkstra en Van der Meer nammentlik noch te gast yn in teaterkolleezje foar likernôch 300 bern om te praten oer meartaligens en it wurk fan Mercator. Cor van der Meer sjocht de priis ek as erkenning foar Mercators wurk. "It lit sjen dat ús krewearjen foar de lytse talen yn Europa ek by oare minderheden wurdearre wurdt. We meie dêr as meiwurkers grutsk op wêze!”
Oer SUNS
SUNS Europe is it Europeeske Festival foar poadiumkeunsten yn Europeeske minderheidstalen. It festival sette yn 2009 útein as in muzykwedstriid foar minderheidsmienskippen yn it Alpen- en Middellânske Seegebiet fan Europa en is ûnderwilens útgroeid ta in moetings- en útwikselingsplatfoarm foar keunstners út minderheidstaalgroepen yn Europa.
Meer ynformaasje oer it festival stiet op de festivalwebsite.