Piter Tjeerdsma en Syds Wiersma beneamd ta lid fan de Fryske Akademy
Tjeerdsma en Wiersma hawwe op de 87e Akademydei, yn BOEL (Zalen Schaaf) yn Ljouwert harren ûnderskieding krigen út hannen fan Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy. Breimer sil op in letter momint yn it sintsje set wurde.
De leden binne wichtich as ambassadeurs foar de Fryske Akademy, dy't oantrune wurde om aktyf mei te tinken op it mêd fan it wittenskiplik ûndersyk en de maatskiplike posysje fan 'e Fryske Akademy. Mar boppe alles is it lidmaatskip in erkenning fan immens wittenskiplike of kulturele fertsjinsten.
Oer de nije leden Tjeerdsma en Wiersma
De laudaasjes binne skreaun en op de Akademydei útsprutsen troch ds. Liuwe Westra. Hjirûnder in koart fragmint.
Piter Tjeerdsma (wenjend te Grou)
Piter Tjeerdsma wie oant syn pensjoen programmamakker by Omrop Fryslân, mar syn programma’s rikke folle fierder as de grinzen fan ús provinsje. Benammen mei syn skitterjende rige dokumintêres FryslânDOK hat er namme makke yn ’e wrâld fan ’e media, en wat dat oanbelanget Fryslân op in kaart set dêr’t it noarden fan Nederlân earder noch in fierhinne wyt en leech gebiet like te wêzen. Tanksij Piter Tjeerdsma witte wy net allinnich better, mar ek de minsken bûten Fryslân. Dat is net de fertsjinst fan ien fertúnlike tafaller of in kear it gelok hawwe op it goeie stuit op it goeie plak te stean, nee, it giet hjir om 40 jier konsistint leverjen fan kwaliteit. En dat fertsjinnet erkenning.
Syds Wiersma (wenjend te Aldebiltsyl/Ouwe-Syl)
Njonken syn bjusterbaarlik wurk by it Frysk Film- en Audio-argyf, dat ús ûnder oare bylden brocht hat fan ’e earste froulike Alvestêderider yn ’e hel fan 1963, is Syds Wiersma ek in betûft wittenskipper, promovearre op ’e midsiuwske Katalaanske teolooch Ramon Martí. De Katalaanske link jout er ek as literator syn gerak troch it oersetten fan it wurk fan dichters út Kataloanje. Fan ’e weromstuit wurdt no ek it wurk fan Syds Wiersma yn it Katalaansk oersetten. Alles mei alles is hy dus in wittenskipper yn ’e bêste tradysje fan ’e Fryske Akademy, dy’t drege Fryske boarnestúdzje kombinearret mei ynspiraasje oer de grinzen hinne, benammen op oare plakken dêr’t guon fan Europa’s minder machtige talen praat wurde.
Oer it lidmaatskip
Al sûnt de oprjochting fan de Fryske Akademy wurde jierliks nije Akademyleden beneamd. Stipers en leden fan 'e Fryske Akademy kinne it hiele jier troch lju foar beneaming ta lid fan 'e Fryske Akademy foardrage. Tradisjoneel wurde de nije leden op de Akademydei beneamd troch de direkteur-bestjoerder, dy’t dêrby stipe wurdt troch in beneamingskommisje.
De Fryske Akademy lokwinsket de nije leden fan herte en sjocht út nei in ynspirearjend ferfolch!
In fotoferslach fan de Akademydei komt ynkoarten online.
(Foto: F.l.n.r. Piter Tjeerdsma, Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, Syds Wiersma. Foto: Marieke Balk)