Undersyk nei non-binêre foarnamwurden yn de Fryske taal
De measte minsken sille der net by stilstean. Bist in jonge of man, dan heart dêr it foarnamwurd ‘hy’ by. Bist in famke of frou, dan heart dêr ‘sy’ by. Itselde foar ‘him’ en ‘har’, en besitlik ‘syn’ en ‘har’. Mar wat ast min of mear tusken dy kategoryen yn falst? Ast it net plezierich fynst dat se mei ‘hy’ nei dy ferwize, of datst dy net noflik fielst by ‘har’? Of ast gewoan net de klam op it manlike of froulike lizze wolst?
It is wilens tsien jier lyn dat yn Sweden neist de besteande foarnamwurden foar manlju ‘han’ en foar froulju ‘hon’, it neutrale ‘hen’ offisjeel yn gebrûk naam waard. Yn it Nederlânsk binne ûnderwilens ‘hen’ en ‘die’ as non-binêre foarnamwurden al aardich ynboargere. Yn it Ingelsk wurde ‘they’ en ‘them’ brûkt, ast net ‘he’ of ‘she’, ‘him’ of ‘her’ brûke wolst.
Hoe sit dat yn de Fryske taal? Dy fraach is al in oantal kearen oan de Fryske Akademy steld. Dêrom hat de FA no in enkête opsteld oer it brûken fan non-binêre foarnamwurden yn it Frysk, om te sjen wat der yn Fryslân bart op dit mêd. Watfoar opsjes binne der?
Fryske Akademy
De Fryske Akademy docht al sûnt 1938 ûndersyk nei de Fryske taal. Us wittenskippers bestudearje de fariaasje yn it Frysk fan hjoed-de-dei en fan it ferline. Wy sjogge ûnder oaren nei hoe’t de taal de rin fan de iuwen feroare is yn in hieltyd gruttere meartalige kontekst, en hoe’t dy op dit stuit oan it feroarjen is yn lytsere mienskippen. Want it binne de brûkers fan in taal dy't dy taal meitsje en fernije.
Meidwaan
Dit ûndersyk wurdt dien yn oparbeidzjen mei Regenboogalliantie Fryslân en COC Friesland. De enkête wurdt yn harren netwurken útset. Ast net by harren oansletten bist, mar wol graach meidwaan wolst, stjoer dan in e-mail nei fa@fryske-akademy.nl. Earder is al in ynventarisaasje dien fan de non-binêre foarmen dy’t yn it Frysk op skrift brûkt binne sûnt 2015. De enkête dy’t no útset wurdt, is in ferfolch dêrop.
Mei it ûndersyk wol de Fryske Akademy yn kaart bringe hokker foarnamwurden non-binêre minsken yn de Fryske taal brûke of harren noflik by fiele. Mei de Regenboogalliantie Fryslân en COC Friesland sille de resultaten evaluearre wurde.