Skip to main content Skip to page footer

Simon Halink, 'Norrøn arv og nationale identiteter', Kopenhagen

'Wie Iduna Frysk? Noardske tendinzen yn de werwurdearring fan it Fryske ferline'

Yn it ramt fan it ynternasjonale ûndersyksprojekt 'Reclaiming the Northern Past: The Shaping of National and Transnational Identities through Old Norse Literature 1750-1900' joech ûndersiker dr. Simon Halink in nijsgjirrige lêzing yn Kopenhagen.

Simon Halink hold syn Ingelsktalige lêzing ‘Was Iduna Frisian? Nordic Tendencies in the Reclamation of the Frisian Past’ op in workshop dy't ûnderdiel útmakke fan it kongres Norrøn arv og nationale identiteter /Norse heritage and national identities

Halink hat ferteld oer it opkommen fan in Frysk-nasjonaal selsbyld yn de earste helte fan de njoggentjinde iuw en de tanimming fan de belangstelling foar Skandinavyske kultuer, mytology en taaldebatten. Fryske yntellektuelen lykas Harmen Sytstra en Tiede Roelofs Dykstra seagen it Noarden as in boarne fan ynspiraasje en fernijing fan de Fryske taal, letterkunde en kultuer. Tegearre rjochten hja yn 1845 it Frysktalige tydskrift Iduna op (ferneamd nei de Aldnoardske goadinne fan ivige jeugd) dêr’t hja harren kontroversjele, archayske stavering fan it Frysk yn hantearren en de Fryske kultuer fan útsprutsen noardlik/Skandinavysk aksinten yn foarseagen. 

Halink sjocht yn syn ûndersyk nei it berik fan dizze Skandinavyske ynfloed, mar ek nei de gearhing mei soartgelikense boreale inisjativen yn Noard-Europa en ferliking mei de ideology efter soartgelikense tydskriften (allyksa faak Iduna neamd).

Oer 'Reclaiming the Northern Past'
 

'Reclaiming the Northern Past' is de titel fan in ynternasjonaal ûndersyksprojekt fan de Reykjavík Academy. It projekt krige yn 2024 in trijejierrige subsydzje fan it Yslânske Undersyksfûns. De ûndertitel fan it projekt, The Shaping of National and Transnational Identities through Old Norse Literature 1750 -1900, jout mear ynsjoch yn it ûnderwerp dat ûndersocht wurdt. It plan is om de produktive resepsje fan Aldnoarske literatuer yn ferskate kulturele domeinen yn dizze perioade te ûndersykjen, mei spesjaal omtinken foar de rol fan it erfgoed yn it nasjonale diskours. It ûndersyk sil slaan op de Noardske lannen en in pear oare lannen yn Noard-Europa. 

Simon Halink is út namme fan de Fryske Akademy affiliearre ûndersiker by it projekt, oare ûndersikers by 'Reclaiming the Northern Past' binne belutsen by de University of Iceland, National and University Library of Iceland, Reykjavik Academy, Uppsala University, University of Gothenburg, University of Oslo, University of Strasbourg en University of Stavanger.

Mear ynformaasje: Reclaiming the Northern Past