Skip to main content

Nij Regionaal Dossier: 'Hungarian language in education in Slovenia'

It earste nije Regionaal Dossier fan 2024 is in feit. Grutsk presintearret ús Mercator Kennissintrum foar Meartaligens de twadde, folsleine wersjoene edysje fan 'The Hungarian language in education in Slovenia'. Dizze edysje is, krekt as alle oare dossiers, fergees te downloaden fan de Mercator-website ôf.

De twadde edysje fan 'The Hungarian language in education in Slovenia' is gearstald troch Albina Nećak Lük en Attila Kovács, yn gearwurking mei Mercators Regional Dossier redakteurenteam. Albina Nećak Lük, PhD, hat in doktoraat yn taalsosjology en is professor emeritus by de Universiteit fan Ljubljana, Slovenië. Hja is ek professor yn de tapaste linguïstyk by de Ofdieling Algemiene Taalwittenskip fan de Letterenfakulteit fan de Universiteit fan Ljubljana (ôdielingshaad tusken 2004–2008). Attila Kovács, PhD, is histoarikus en senior ûndersiker oan it Ynstitút foar Etnyske Studies (INV) yn Ljubljana, Slovenië. Hy is ek haad fan de INV-ôfdieling yn Lendava / Lendva. Kovács' ûndersyk rjochtet him op etnyske en minderheidsfraachstikken.

 

Regionale Dossiers

Mei de Regionale Dossiers leit it Mercator Kennissintrum de fokus op it ûnderwiissysteem yn Europeeske regio's mei in autochtoane minderheidstaal en hoe't dizze minderheidstaal in plak krijt binnen dat systeem. De Regionale Dossiers binne skreaun neffens in fêste struktuer, sadat se brûkber binne foar fergelykjend ûndersyk.

 

Ferwachte Regionale Dossiers yn 2024

De redaksje fan de Regionale Dossiers is altyd dwaande mei it sykjen fan saakkundigen en it gearstallen fan nije dossiers. Foar it jier 2024 hopet de redaksje sa'n 20 nije edysjes te publisearjen, ûnder oare de dossiers: Albanian in Italy (2nd ed.), Corsican in France (3rd ed.), Italian in Croatia (1st ed.), Karelian in the Karelian Republic (1st ed.), Maltese in Malta (2nd ed.), German in Alsace (3rd ed.) en Friulian in Italy (2nd ed.). 

Sjoch foar mear ynformaasje op de Regionale Dossiers website.