Skip to main content

Skripsjepriis 2020-2022 foar Martijn Kingma

Skripsjepriiswinner Martijn Kingma, Aafke Bonnet-Bekkema mei earfolle fermelding en direkteur-bestjoerder Nelleke IJssennagger-van der Pluijm. Foto: Marieke Balk

De twajierlikse skripsjepriis fan de Fryske Akademy, oer de kolleezjejierren 2020-2022, is wûn troch (Marco) Martijn Kingma. Hy krige de priis op Akademydei 2022, freed 16 septimber, foar syn masterskripsje, Phonetic Aspects of Centring Diphthongs in Frisian. The case of /iə/ and /ɪə/, foltôge oan de oplieding European Linguistics oan de Rijksuniversiteit Groningen op 16 juny 2021.

De skripsje fan Kingma blinkt neffens de sjuery út kwa helderheid fan presintearjen en redenearjen. It is in tige deeglik opset ûndersyk, dêr’t in hiel soad wurk yn sitten hat. De tekst is goed skreaun en befettet net allinnich in nijsgjirrige analyze en resultaten, mar ek in up to date oersjoch fan wat der al te witten falt oer de Fryske fonetyk. De skripsje is dêrmei in tige weardefolle bydrage oan ‘e Fryske Taalkunde.

Earfolle fermelding
In earfolle fermelding wie der foar Aafke Bonnet-Bekkema út Drachten foar har masterskripsje ‘Sinterklaas moderniseert: traditiegetrouw vol verandering’. De viering van het ongeorganiseerde sinterklaasfeest in Leeuwarden, Groningen, Hoorn en regio’s de Friese Wouden, het Hogeland, het Oldambt en West-Friesland in de periode 1875-1950. Se foltôge de skripsje foar de oplieding Kunst- en Cultuurwetenschappen oan de Open Universiteit Heerlen op 25 septimber 2020. De skripsje jout in hiel moai byld fan hoe’t it Sinteklaasfeest modernisearre yn stêd en regio. In aktueel ûnderwerp, dat sy hiel moai presintearre hat troch in ferrassende ynfalshoeke te kiezen en ferskate metoaden te kombinearjen.

De sjuery bestie diskear út Aldfrisist dr. Han Nijdam en de taalkundigen dr. Anne Merkuur en Nika Stefan fan de Fryske Akademy. Der kamen mei-inoar sân skripsjes yn dy’t de sjuery beoardielje koe.

Skripsjepriis
De skripsjepriis fan de Fryske Akademy is in twajierlikse priis foar it bêste skripsje-ûndersyk op it mêd fan de Fryske taal en kultuer. Dizze Skripsjepriis waard ynsteld by it fyftichjierrich jubileum fan de Fryske Akademy yn 1988, mei as doel om studinten dy’t wittenskiplik ûnderwiis folgje oan te trunen om harren op Fryske tema’s te rjochtsjen. De priis bestiet út in bedrach fan 1000 (tûzen) euro.