Skip to main content

Wannear komt in wurd yn it wurdboek?

Sjonger Marcel Smit (midden) is bliid dat it wurd 'omstekeard' yn it wurdboek komt. Smit stiet tusken wurdboekskriuwers Johan van der Zwaag (links) en Hindrik Sijens yn.

Hoe komme wurden yn it wurdboek? Oan de hân fan it wurd Omstekeard fertelt ús wurdboekskriuwer Hindrik Sijens hoe’t dat giet.

De Fryske sjonger Marcel Smit sjongt in nûmer mei de titel Omstekeard, in wurd dat ta grut fertriet fan de sjonger noch net yn de Fryske wurdboeken stie. Om it der al yn te krijen hie er alris in petysje holden en okkerlêsten by in optreden fan him op de Akademydei fan de Fryske Akademy kaam it ûntbrekken dêrfan wer op it aljemint. De dêr oanwêzige wurdboekmakkers fan de Akademy hawwe doe it beslút nommen om omstekeard ‘yn it wurdboek te setten’. Dan oppenearret him fansels de fraach, wannear nimme jo in wurd as omstekeard al of net yn it wurdboek op?

Noait klear en noait folslein
Alderearst seit Sijens: “Der binne altyd wol wurden dy't net yn it wurdboek steane, in wurdboek is noait klear en it is noait folslein. In taal hat in ûneinich tal wurden, it is ûnmooglik om alle wurdboeken yn it wurdboek op te nimmen. By ûntbrekkende wurden giet it soms om nij wurden, de saneamde neologismen. Soms binne it ek wurden dy't al langer besteane mar oan de oandacht fan de wurdboekmakker ûntkommen binne.”

In foarbyld fan sa'n nij wurd is snoadfoan foar ‘smartphone’. As je op it ynternet derop sykje, dan binne der gâns fynplakken fan. It geregelde foarkommen fan snoadfoan, oer in tiidrek fan in pear jier, makket dat it yn it wurdboek opnommen wurde kin. Yn it Nederlânsk-Frysk wurdboek komt it dan as oersetting efter it Nederlânske(!) wurd smartphone. Sjoch dêrfoar op de website Frysker, ûnder it wurd smartphone.

Sprektaal
Der binne ek Fryske wurden dy't der al lang binne, mar net yn it wurdboek steane. Dat komt omdat net alle wurden bekend binne by de wurdboekskriuwers. Tink bygelyks oan wurden út de Fryske sprektaal, wurden dy't net sa gau yn 'e kranten, op de website fan Omrop Fryslân, of yn boeken brûkt wurde. Wurdboeken wurde meast makke op basis fan sokke skreaune teksten, mar dat hâldt net yn dat wurden út de sprektaal net yn in wurdboek opnommen wurde kinne.

Omstekeard is sa'n sprektaalwurd dat net yn it wurdboek stie. De betsjutting fan omstekeard is 'ferkeard om': Je kinne de klean of de sokken omstekeard oan hawwe. Hjir jildt ek wer: as sa'n wurd by in gruttere groep Fryskpraters bekend is, as it rûnom brûkt wurdt, dan kin it yn it wurdboek opnommen wurde. Yn it gefal fan omstekeard ornearren de oanwêzige wurdboekskriuwers op de Akademydei fan de Fryske Akademy, dat oan dy kritearia foldien waard en dêrom is it as oersetting fan it Nederlânske omgekeerd yn it Nederlânsk-Frysk wurdboek opnommen. Sjoch dêrfoar op Frysker, ûnder it wurd omgekeerd.