Skip to main content Skip to page footer

Aalst, van E.R. (Ewoud) MA

Spesjalismen

Pre-kristlike religy fan Noard- en Noardwest-Europa.

Biografy

Ewoud van Aalst (2000, Snits) studearre Docent Geschiedenis 2e graads (BA 2022) oan NHL Hegeskoalle en History & Heritage Consultancy (MA 2024) oan de Ryksuniversiteit Grins wêrby't hy foar syn Masterskripsje ûndersyk die nei de resepsje fan de Skandinavyske pre-kristlike goaden yn de Gesta Danorum fan Saxo Grammaticus (Gesta Deorum, over Saxo Grammaticus’ portret van de ‘heidense’ goden in de Gesta Danorum).

Ein 2024 rûn Ewoud staazje by de Fryske Akademy ta ôfrûning fan syn master. Hjirby hat er meiwurke oan it yntegrearjen fan de Aldfryske Oarkonden yn de Aldfryske Taaldatabank. Op 1 septimber 2025 is er as ûndersyksmeiwurker begûn om fierder by te dragen oan de Aldfryske Taaldatabank en ferfolle er ek de funksje fan ûndersyksassistint by it INTERREG Redbad Project.