Sijens, drs. H. (Hindrik)
Spesjalismen
Leksikografy, e-leksikografy, neologismen, databanken, stavering.
Biografy
Hindrik Sijens (Twizel, 1960) studearre Fryske taal- en letterkunde oan NHL Stenden (Ljouwert) en de Universiteit van Amsterdam. Hy wurket sûnt 1985 by de Fryske Akademy en wie û.o. redakteur fan it Wurdboek fan de Fryske Taal (1984-2011) en it Frysk Hânwurdboek (2008). Dêrneist publisearre er artikels oer bakkersfaktaal, neologismen yn it Frysk, Ingelske lienwurden yn it Frysk, de Fryske stavering en wurdboekportalen.
Sijens wie redakteur fan it Online Nederlânsk-Frysk wurdboek en Frysker en wurke mei oan de nije Fryske Bibeloersetting. Fierder sit er yn it bestjoer fan Euralex (Europeeske Assosjaasje foar Leksikografy) en is er foarsitter fan de sjuery fan it Grut Frysk Diktee.