Spoelstra, J. (Janneke), MA
Spesjalismen
Letterkunde; Leksikografy
Biografy
Janneke Spoelstra (Hijum 1962) is sûnt 2001 yn tsjinst by de Fryske Akademy, earst as korrektor fan it Wurdboek fan de Fryske taal/Woordenboek der Friese taal, dêrnei wie se as ûndersyksassistint behelle by oare (leksikografyske) projekten. Se die wilens de masterstúdzje Fryske taal en kultuer, spesjalisaasje Literêre kultuer (Ryksuniversiteit Grins 2012). Sûnt 2018 wie se as redakteur ferbûn oan it Online Nederlânsk-Frysk Wurdboek. No wurket se mei oan it ûnderhâld fan Frysker.nl. Yn 2023 publisearre se oer ‘Mooglike genderneutrale foarnamwurden yn it Frysk’.
Janneke Spoelstra is dêrneist skriuwer fan ’e Redaksje Literêre Rigen. Se wie ien fan ’e gearstallers fan ’e lhbty+-blomlêzing ‘Do draechst de leafde oan’ / Jij draagt de liefde aan (2021). En is no dwaande mei in ynterviewbondel mei Fryske dichters dy’t frou binne.