Van de Velde, prof. dr. H. (Hans)
Spesjalismen
Sosjolinguistyk, taalfariaasje en taalferoaring, meartaligens, fonetyk, taalbelied.
Biografy
Hans Van de Velde (Zele, 1969) krige geandewei syn stúdzje yn Gent niget oan dialektology en sosjolinguistyk. Hy liet him fierder opliede yn it ûndersyk nei taalfariaasje en taalferoaring yn Nijmegen, dêr’t er yn 1996 promovearre op in proefskrift oer útspraakferoarings yn it Nederlânsk. Yn 1997 kearde er werom nei België om te wurkjen as lektor Nederlânsk op de Université Libre de Bruxelles. Dêr hat er syn ûndersyksmêd útwreide mei taalhifking en taalwinning. Yn 2002 waard er dosint-ûndersiker Sosjolinguistyk yn Utert, dêr’t er in wichtige rol spile yn de útbou fan de gearwurking mei Sina en koördinator wie fan in masterprogramma.
Yn novimber 2014 teach er fierder nei it noarden om seniorûndersiker Sosjolinguistyk oan de Fryske Akademy te wurden. Syn ûndersyk spitst him benammen ta op de útspraak fan it Frysk en it Nederlânsk yn Fryslân, de evaluaasje fan fariaasje en de ûntjouwing fan de eksperimintele sosjolinguistyk.
Van de Velde is fierder bestjoerslid fan de Stiching Nederlânske Dialekten (SND), koördinator fan it Europeesk-Sineeske netwurk ILCI (Industrialization, Language Contact and Identity Formation in China and Europe), redakteur fan n/f (tydskrift foar de nearlandistyk yn Frânsktalich België en Frankryk), redaksjelid fan Taal en Tongval en Dutch Journal of Applied Linguistics (DuJAL), en wie gastheechlearaar oan de University of Pennsylvania (2002), de University of Florida (2006) en de Universiteit fan Nanjing (2010 en 2015).