Skip to main content Skip to page footer

Visser, dr. W. (Willem)

Spesjalismen

Leksikografy, fonology, grammatika.

 

Biografy

Willem Visser (Easterbierrum, 1959) hat oan de Noardlike Leargongen de oplieding Frysk MU-A en Frysk MU-B dien. Dêrnei hat er oan de Vrije Universiteit Amsterdam Algemiene Taalwittenskip studearre (1988) en dêr is er yn 1997 ek promovearre.

Tusken 1978 en 1984 wie er yn tsjinst by de Fryske Akademy foar wurdboekwurk. Fan 1985 ôf hat er in lytse seis jier by de stúdzjerjochting Frysk oan de Vrije Universiteit wurke. Yn 1990 is er wer by de Fryske Akademy yn tsjinst kommen. Yn 2008 is er foar de helte oerstapt nei de ôfdieling Fryske Taal en Kultuer (ûnderwilens oergien yn 'e oplieding Minorities & Multilingualism) oan de Ryksuniversiteit Grins.

Visser syn publikaasjes besteane út wurdboeken en losse artikels, meast op it mêd fan de fonology fan it Frysk. De lêste jierren publisearret er ek oer de fonologyske kant fan (persoans)nammen. Fierders wie er mei-oprjochter en redakteur fan it Tydskrift foar Fryske Taalkunde (1985-’95) en redakteur fan It Beaken (oant 2017). Op dit stuit is er redakteur fan Us Wurk.