Skip to main content Skip to page footer

Vries, dr. O. (Oebele)

Spesjalismen

Aldfrysk, midsiuwske skiednis.

 

Biografy

Oebele Vries (Westergeast, 1947) studearre skiednis mei byfak Aldfrysk oan de Ryksuniversiteit Grins (RUG), dêr’t er yn 1986 promovearre. Fan 1974 oant 1978 wie er as ûndersiker yn tsjinst fan ZWO detasjearre by earst it Frysk Ynstitút fan de RUG (útjefte Aldfryske oarkonden) en dêrnei it Instituut voor Geschiedenis fan de RUG (project Bureaucratisering. Ambtenaren en openbaar bestuur in Nederland). Yn 1978 folge oanstelling ta wittenskiplik meiwurker / universitêr dosint foar Aldfrysk (letter ek Fryske skiednis) by it Frysk Ynstitút / Oplieding Fryske Taal en Kultuer, ek wer oan de RUG (oant pensjonearring yn 2012). Dêrnei gastûndersiker, earst noch by de Oplieding Fryske Taal en Kultuer en sûnt 2014 by de Fryske Akademy.

Publikaasjes fan syn hân binne ferskynd op it mêd fan de Nederlânske en foaral Fryske skiednis (yn it bysûnder oer de lette midsiuwen en de 16de iuw, mar ek oer letter tiid), de Aldfryske filology en de Fryske rjochtsskiednis.

Yn 2009 krige er foar syn hiele oeuvre de Joast Halbertsmapriis fan de provinsje Fryslân takend.