Skip to main content

Undersiker Fryske Akademy nei Amerikaansk topynstitút

Dr. Cesko Voeten

Dr. Cesko Voeten fan de Fryske Akademy hat in prestizjeuze Rubicon-subsydzje krigen fan de Nederlânske Organisaasje foar Wittenskiplik Undersyk (NWO). Mei Rubicon jout NWO Nederlânske wittenskippers dy’t noch net sa lang lyn promovearre binne de kâns om ûndersyksûnderfining op te dwaan yn it bûtenlân. Voeten giet troch dizze subsydzje twa jier nei de University of Pennsylvania yn de Feriene Steaten, om yn gearwurking mei taalkundigen en biologen ûndersyk te dwaan nei de oarsaken fan taalferoaring.

Yn syn ûndersyk sil Voeten taalferoaring mei in evolúsjonêre bril besjen. Mei techniken út de biology en de taalwittenskip sil er in grutte database fan klinkertferoaringen yn it dialekt fan Philadelphia analysearje.

Ympuls

Voeten is as postdoktoraal ûndersiker ferbûn oan it projekt 'Fryske laboratoariumsosjolinguistyk' fan de Fryske Akademy. It doel fan dit projekt is taalfariaasje en taalferoaringen yn it Frysk yn kaart te bringen en de ûnderlizzende meganismen dêrefter bleat te lizzen. Ek Voetens Rubicon-projekt slút dêrby oan. De techniken, metoaden en ynsichten dy't er yn Philadelphia opdocht, sille ek in ympuls jaan oan it ûndersyk nei it Frysk. Boppedat fernijt en fersterket it de al besteande bannen tusken meiwurkers fan de Fryske Akademy en de University of Pennsylvania, wêrtroch't it ûndersyk nei taalferoaring yn it Frysk fersterke wurdt en in gruttere ynternasjonale sichtberens krijt.

De kennis en ûnderfining dy't Voeten opdwaan sil, wurdt ek ynset foar taalkundich (laboratoarium)ûndersyk nei it Frysk, en sil bydrage oan de ûntwikkeling fan de Fryske kennisynfrastruktuer. It skerper byld fan de oarsaken fan taalferoaring dat it projekt opsmite sil, makket it better mooglik om te foarsizzen hokker aspekten fan fariaasje (ek yn it Frysk) liede kinne ta taalferoaringen, en hokker faktoaren troch taaltechnologyske tapassings goed yn de gaten hâlden wurde moatte. Sa kinne begjinnende feroaringen en feroaringen dy’t op dit stuit geande binne yntiids opspoard en ûndersocht wurde. Dat makket it mooglik om taaltechnologyske tapassings mear takomstbestindich te meitsjen foar potinsjele en rinnende feroaringen yn it Frysk. Projekten lykas de Fryske spraakwerkenner hawwe der baat by om op dizze wize op ‘e tiid op potinsjele feroaringen ynspylje te kinnen.

De University of Pennsylvania yn Philadelphia heart by de bêste universiteiten yn 'e wrâld (nr. 13 yn de QS World University Rankings ). It Linguistics Department, dêr 't Voeten as ûndersiker tahâlde  sil, is ynternasjonaal de bakermat én al fyftich jier lang it episintrum fan it ûndersyk nei taalfariaasje en taalferoaring. Voeten sil der wurkje mei taalkundige Meredith Tamminga, dy 't Fryske woartels hat, en biolooch Joshua Waskkin. In ynternasjonaal kongres oer taalferoaring yn Ljouwert, holden yn juny 2019, en organisearre troch de Fryske Akademy, foarme de kym foar dizze gearwurking, dy't no troch de Rubicon-subsydzje realisearre wurde kin.

Cesko Voeten

Taalwittenskipper Cesko Voeten (1992) wurket sûnt jannewaris 2021 by de Fryske Akademy. Voeten promovearre yn 2020. De titel fan syn proefskrift ‘The adoption of sound change: Synchronic and diachronic processing of regional variation in Dutch’.