Utjeften
De Fryske Akademy hat yn syn bestean mear as tûzen boeken útjûn op it mêd fan de Fryske taal, kultuer, skiednis en maatskippij. Op termyn komme in tal fan nije en âlde útjeften op dizze side beskikber. Hjirûnder fine jo in oersjoch fan tydskriften en jierboeken en in tal fan online publikaasjes dy't fergees download wurde kinne.
- Us ûndersyksoutput (lykas proefskriften, artikels en oare publikaasjes fan ús meiwurkers) binne te finen yn ús publikaasjeoersjoch.
Tydskriften, jierboeken en kongresbondels
Us Wurk
- Fan 2022 ôf sille de Stifting Freonen Frysk, Ynstitút Ryksuniversiteit Grins (FFRUG) en de Stifting Fryske Akademy gearwurkje by it útjaan fan Us Wurk. Us Wurk is it tydskrift foar frisistyk. Sa kin de Fryske Akademy trochgean mei it op wittenskiplik nivo bekend meitsjen fan syn ûndersyk en it ynsjoch bieden yn de stân fan de frisistyk.
De Vrije Fries
- De Vrije Fries is in jierboek dat ferskynt yn gearwurking mei it Keninklik Frysk Genoatskip foar Skiednis en Kultuer. De earste ôflevering fan De Vrije Fries ferskynde yn 1839. De Vrije Fries hat in eigen website dêr't hast alle jiergongen as pdf-download beskikber binne: https://friesgenootschap.nl/de-vrije-fries/online-artikelen/
Genealogysk Jierboek
- It Genealogysk Jierboek wurdt sûnt 1951 útjûn troch de Fryske Akademy en stiet ûnder redaksje fan leden fan it Genealogysk Wurkferbân. It jierboek befettet genealogyske bydragen, lykas kertiersteaten, parentelen en oare rekonstruksjes fan famyljerelaasjes út eardere tiden, en in oersjoch fan wapenregistraasjes troch de Fryske Rie foar Heraldyk. Alle jiergongen fan 1990 ôf binne online beskikber.
Philologia Frisica
- Philologia Frisica is in kongresbondel mei in seleksje fan lêzingen fan it Frysk Filologekongres, dat tusken 1956 en 2014 in ynternasjonaal poadium wie foar wittenskiplik debat oangeande de frisistyk. Alle kongresbondels binne online beskikber.
Literêre Rigen
- De Fryske Akademy hat sûnt har oprjochting yn 1938 mear as tûzen publikaasjes útjûn. Under oaren literêre rigen: Magnus Rige, Iduna Rige, Holder Rige en Minsken en Boeken. Sjoch foar in oersjoch dizze side, mei ferwizingen nei online beskikbere publikaasjes.
It Beaken
- It Beaken is it wittenskiplik tydskrift fan de Fryske Akademy. It is in meartalich poadium fan en foar wittenskippers dy’t harren útlizze op it beoefenjen fan wittenskiplik ûndersyk nei de skiednis fan Fryslân, de Fryske taal en letterkunde en aspekten fan de hjoeddeiske Fryske maatskippij. It Beaken is fan jiergong 71 (2009) ôf online beskikber. Gean nei: www.fryske-akademy.nl/itbeaken.
Ein 2019 is it alderlêste nûmer fan It Beaken útjûn. It tydskrift is fudearre mei Us Wurk, it tydskrift foar frisistyk (útjûn troch de Stifting Freonen Frysk Ynstitút RU Grins).
Undersyksrapporten
De Fryske Akademy fiert geregeldwei tapaste ûndersyksprojekten út, lykas op it mêd fan Frysk taalgebrûk of ekonomysk belied. Hjirûnder binne in tal resinte ûndersyksrapporten gearbrocht.
Taalstúdzjes
- Fries-Nederlandse contactvariëteiten in Fryslân. Rapport voor de Nederlandse Taalunie (februari 2019)
Ekonomyske fitaliteitsskens Noardeast-Fryslân (2016-'19)
In rige fan fjouwer stúdzjes, part fan in mearjierrich ûndersyk nei ekonomysk belied yn de regio Noardeast-Fryslân. Yn dizze jierrapporten wurde trends en ûntwikkelingen yn wurden en sifers beneamd.
- Economische vitaliteitsscan Noordoost-Fryslân 2016
- Economische vitaliteitsscan Noordoost-Fryslân 2017
- Economische vitaliteitsscan Noordoost-Fryslân 2018
- Economische vitaliteitsscan Noordoost-Fryslân 2019
Agri & Foodscan Fryslân (2018-'20)
In rige fan trije stúdzjes snijt de wichtichste tema’s yn ’e Fryske agri & food-sektor oan.
- Agri & Foodscan Fryslân 2018 (cijfers, trends en ontwikkelingen)
- Agri & Foodscan Fryslân 2019 (economische en ecologische duurzaamheid)
Rapporten fan Mercator Research Centre
Geregeldwei fiert kennissintrum Mercator ûndersyk út yn opdracht fan it Europeesk Parlemint, Provinsje Fryslân of in Fryske gemeente.
- J. E. Buning Oosten en H. Kuipers-Zandberg, De ymplemintaasje fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen yn Nederlân sûnt it ratifisearjen yn 1996 (july 2018), yn opdracht fan DINGtiid
- A.F. Schukking en E.L. Klinkenberg: De rol fan it Frysk by gemeentlike weryndielingen yn Fryslân (july 2018), yn opdracht fan DINGtiid
- Richt Sterk en Cor van der Meer: Papiamentu in Perspectief. Een kritische analyse van het rapport Nederlands op z’n BESt (febrewaris 2016)
- Paulus van Sluis: Seven perspectives on Bildts (juny 2015)
- Lysbeth Jongbloed-Faber: Friezen op sosjale media (novimber 2015)
- Lysbeth Jongbloed-Faber:Taalgebrûk fan Fryske jongerein op sosjale media (april 2014)
- Gean foar mear Mercator-publikaasjes nei www.mercator-research.eu.
Online publikaasjes
Der binne ek online publikaasjes te downloaden en te besjen. Yn 'e takomst sille wy op ús website in grutter tal Akademy-útjeften as PDF oanbiede.
Fryske taalkunde
- Taalportaal sammelet alle grammatikale kennis fan it Nederlânsk, it Frysk en it Afrikaansk op 'e neikommende mêden: lûdlear ofwol fonology, wurdlear ofwol morfology en sinlear ofwol syntaksis. De website is opboud neffens in wiki-eftige struktuer. Gean nei: www.taalportaal.org.
- Sprachlehre des Saterfriesischen 2022: grammatika fan it Frysk fan Sealterlân mei mear as 55.000 wurden.
- Foarriedige bibliografy fan artikels oer de taalkunde fan it Nijfrysk (ferzje 01-04-2017, PDF): bibliografy fan taalkundige artikels oer it moderne Frysk (nei 1800) dy't oant 2017 ferskynd binne op it mêd fan syntaksis, morfology, fonology, leksikografy, dialektology, taalkontakt en taalferoaring en ortografy.
- Fryske staveringshifkers binne as downloads beskikber op de website Taalweb Frysk: www.taalweb.frl/downloads.
- It Frysk-Ingelsk Wurdboek (2000) fan Anne Dykstra is beskikber as pdf-bestân.
- Wurdlisten fan 'e Fryske stedsdialekten (Fryske Akademy, 1998) troch Pieter Duijff. Wurdlisten fan 'e sân stedsdialekten fan Ljouwert, Boalsert, Dokkum, Frjentsjer, Harns, Snits en Starum, dy't de ferskillen tusken de dialekten sjen litte en in systematysk ferlykjen mooglik meitsje.
Skiednis: boarneútjeften
- Administrative en fiskale boarnen oangeande Fryslân yn de iermoderne tiid (Fryske Akademy, 1993)
- Fryske testaminten oant 1550 (Fryske Akademy, 1994)
- Skoalmasters yn Fryslân (1600-1950): side mei gegevens dy't troch Hartman Sannes (1890-1956) sammele binne oer skoalmasters yn Fryslân tusken sirka 1600 en 1950.
- Het Hindelooper scheepsboek (1715-1718) van Johannes Hempenius (1686-1760); opvarenden en reders van zeeschepen, besoarge troch Peter van der Meer en Jan de Vries