Skip to main content

Eartiids: Warkumers en de walfiskfeart

In gevelstien ta oantinken oan de walfiskfeart.

Hjerstgearkomste maritime skiednis

De Wurkgroep Maritime Skiednis hâldt op sneontemiddei 4 novimber fan 13.30-17.30 oere syn hjerstgearkomste. De gearkomste wurdt holden yn Kultuerhûs De Klameare yn Warkum. Der wurde twa lêzingen holden en der binne mooglikheden ta besichtiging. De earste lêzing giet oer de belutsenens fan de Warkumers by de walfiskfeart yn de 17de en 18de iuw en de spoaren dy’t dêr no noch fan werom te finen binne. Ynlieder is Gerrit Twijnstra.

De hearen Jans
De oare lêzing wurdt holden troch Peter Tolsma en giet oer de hearen Jans, kofskippers en hannelslju yn de 18de iuw. Dizze hearen Jans bepaalden foar in grut part de maritime en besibbe aktiviteiten yn de stêd. 

Nei de lêzings is der gelegenheid om it stêdhûs, dat hjoed-de-dei ûnderdiel is fan Museum Warkums Erfskip, te besjen, lykas it oare gebou: De Waag. Ek kin de krekt restaurearre skipswerf De Hoop by de slûs fan Warkum besjoen wurde, dêr’t oanslutend de middei besletten wurdt mei in hapke en in drankje.


Yn it koart

Programma: it programma foar de middei fine jo hjir
Wannear: sneon 4 novimber 2023, 13.30-17.00 oere
Wêr: Kultuerhûs De Klameare, Warkum
Tagong: fergees
Opjefte: foar 20 oktober 2023 mei in e-postberjocht oan skriuwer Hester Postma