Skip to main content

Op freed 7 oktober 2016 is it 350 jier lyn dat it testamint fan de ‘Fryske Shakespeare’ Gysbert Japix foarlêzen waard. De Fryske Akademy grypt dy gelegenheid oan om yn Ljouwert de earste Dei fan ’e Fryske Letterkunde te organisearjen.

De dei wurdt iepene troch klassikus en dichter Piet Gerbrandy, dy’t in lêzing hâlde sil oer it fakmanskip fan Gysbert Japix. Gerbrandy is ferneamd troch syn dichtwurk en syn ûnderhâldende essees en besprekken oer poëzij en oer de literatuer fan ’e âlde Griken en Romeinen. Fierder bydragen fan in bûnt selskip fan literatuerûndersikers: Alpita de Jong, Abe de Vries, Piter Boersma, Marc van Oostendorp, Friduwih Riemersma en Henk van der Liet.

De Dei fan ’e Fryske Letterkunde wol net allinnich in poadium wêze foar it fersprieden fan kennis oer de Fryske literatuer en letterkunde, mar ek in gelegenheid om it netwurk te ferstevigjen, sawol fan kenners fan ’e Frysktalige letteren as kenners fan Nederlânske of oarstalige letteren. Op ’e Dei is ek romte foar diskusje oer hoe’t de kennis fan Fryske literatuer ferbrede en grutter makke wurde kin. 

 

Programma

10.00Ynrin, ûntfangst mei kofje/tee
10.25Iepening troch Hanno Brand, direkteur-bestjoerder Fryske Akademy
10.30

Foarsitter moarnssesje: Ernst Bruinsma

Publykslêzing troch Piet Gerbrandy: 'Bouwjen, timmerjen, mirsseljen in op-rjuechten': het vakmanschap van Gysbert Japicx

 

11.30Alpita de Jong: Literatuur in kleine en grote talen: de wet van de voorwaartse bûtensprong
12.00Abe de Vries (GJ-priis 2005): Kreupele kanonfoarming: Marten Hepkes Bakker, of de hin op 'e dongbult
12.30Utrikking Skripsjepriis fan 'e Fryske Akademy
12.45Lunsj
14.00

Foarsitter middesseisje: André Looijenga

Praatsje fan Jitske Kingma (útjouwerij Elikser) oer de Fryske dielname oan 'e Frankfurter Buchmesse

14.15

Piter Boersma (GJ-priis 1998): Friesche Tjerne is gewoan in minske

14.45Marc van Oostendorp: De lengte van Tsjêbbe Hettinga's versregels
15.15Skoft mei kofje/tee
15.45

Foarsitter neimiddeissesje: Eric Hoekstra

Friduwih Riemersma: Wa't skriuwt dy bliuwt. Jelle Brouwer en de politisearring fan de Fryske literatuer

16.15Henk van der Liet: 'Frjemd en dochs eigen?' Enkele overdenkingen bij de vertalingen uit het Scandinavisch taalgebied van J.H. Brouwer en A.I. Brouwer-Prakke
16.45Buorrel

It folsleine programma kin ek as pdf-dokumint download wurde.

 

1e Dei fan 'e Fryske Letterkunde

Datum: Freed 7 oktober 2016
Lokaasje: Gysbert Japicx-seal, Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert
Tagong is fergees en ynklusyf lunsj

Kontaktpersoan organisaasje:
dr. Eric Hoekstra (e-mail)

 

Yn ’e Dei fan ’e Fryske Letterkunde arbeidzje de Fryske Akademy, Tresoar, Afûk, tydskrift De Moanne en it lektoraat Frysk en meartaligens fan ’e NHL Hegeskoalle mei-inoar op. It fynt plak yn it ramt fan it 350ste betinkingsjier Gysbert Japicx.