Skip to main content Skip to page footer

Archeologysk Wurkferbân: Lêzing

It Archeologysk Wurkferbân wol amateurarcheologen yn Fryslân byinoar bringe en besiket om it âldheidkundich ûndersyk yn 'e provinsje te stypjen.

Troch it organisearjen fan lêzingen, kursussen, praktysk wurk en ekskurzjes besiket it Archeologysk Wurkferbân om de kennis fan 'e leden oangeande de archeology te fergrutsjen. Soks kin bydrage ta it sinfoller omgean mei de leafhawwerij. In oansprekkende aktiviteit is fierders dat leden dielnimme kinne oan opgravings fan foechhawwende ynstânsjes.

De aktiviteiten fan it seizoen 2025-2026:

  • Ekskurzje: sneon 06-09-2025 (nei Frjentsjer)
  • Lêzing: tiisdei 07-10-2025
  • Lêzing: tongersdei 27-11-2025
  • Lêzing: tiisdei 03-02-2026
  • Lêzing: tongersdei 16-04-2026

Mear ynformaasje folget.