Skip to main content Skip to page footer

Archeologysk Wurkferbân

It Archeologysk Wurkferbân wol amateurarcheologen yn Fryslân byinoar bringe. Mei in ferskaat oan aktiviteiten wurdt besocht om it âldheidkundich ûndersyk yn 'e provinsje te stypjen.

Troch it organisearjen fan lêzingen, kursussen, praktysk wurk en ekskurzjes wurdt besocht om de kennis fan 'e leden oangeande de archeology te fergrutsjen. Soks kin bydrage ta it sinfoller omgean mei de leafhawwerij. In oansprekkende aktiviteit is fierders dat leden dielnimme kinne oan opgravings fan foechhawwende ynstânsjes.

 

Oprjochtingsjier

1983

 

Bestjoer en kontakt

Foarsitter: Sible de Roos 
Skriuwer: Koos Tiemersma (e-mail)

 


Wat dogge wy allegear?

  • Lêzingen: troch faklju en leden, oer ûnderskate ûnderwerpen en perioaden: fan Stientiid oant en mei de Midsiuwen;
  • Ekskurzjes: nei museums en argeologyske monuminten, sawol yn as bûten Fryslân;
  • Opgravings: meihelpe by sawol grutte wittenskiplike projekten as by lytsere needopgravings;
  • Kursussen: fral rjochte op 'e praktyk; diggels en fjoerstienark werkenne, fjildferkennings dwaan, mjitte, ynventarisearje, ensafuorthinne;
  • Fynstferwurking: fynsten determinearje, beskriuwe, lymje en konservearje.

Mei al dy aktiviteiten wurdt besocht om it âldheidkundich ûndersyk yn Fryslân te stypjen. Wa't belangstelling hat foar âldheden en de iere skiednis en oan dy leafhawwerij wat mear dwaan wol, kin lid wurde fan it Argeologysk Wurkferbân. De iennichste betingst is dat jo tagelyk ek stiper fan 'e Fryske Akademy wurde.

Oanmelde kin troch in e-mail te stjoeren nei skriuwer Koos Tiemersma.


'Diggelgoud. 25 jier Argeologysk Wurkferbân' (2008)

Yn 'e bondel Diggelgoud (2008), dy't útjûn waard ta gelegenheid fan it 25-jierrich bestean fan it Argeologysk Wurkferbân fan 'e Fryske Akademy, jouwe 38 auteurs oan 'e hân fan konkrete fynsten - fan prehistoaryske artefakten fia Romeinske munten, gewichten en ûneresten oant midsiuwske sieraden en ferlitten tsjerkhôven - in oersjoch fan 'e stân fan saken yn 'e Fryske archeology, de wichtigste fynsten en ûntdekkingen fan 'e ôfrûne desennia, it oparbeidzjen fan wittenskippers en amateurs, en de risseltaten fan dy gearwurking yn tal fan projekten yn it fjild.

It boek is te bestellen fia de Afûk-websjop foar mar € 2,50.

Aginda

Programma 2026-2027

Tiisdei 13 oktober 2026: Ledegearkomste mei lêzing fan Theun Varwijk
Theun Varwijk is archeolooch by ûndersyksburo RAAP en belutsen by opgravings yn Boalsert. Dizze opgravings leveren in soad ynformaasje op oer de histoarje fan 'e stêd troch bysûndere fynsten, lykas fûneminten fan hûzen en wetterputten, in heiligenbyldsje, in mantelspjelden, munten en sels in Arabyske muntfibula út de 12e iuw. Op basis fan dit materiaal kin Varwijk hiel wat fertelle oer de ûntwikkeling fan Boalsert. 
Mear ynformaasje oer de ledegearkomste >>

  • Tongersdei 12 novimber 2026: Ledegearkomste mei lêzing fan Jan Willem Oudhof
    Jan Willem Oudhof is archeolooch en meioprjochter fan Buro de Brug, in riejaand archeologysk advysburo. Dêrneist is hy stedsarcheolooch fan Ljouwert. Yn 2023 ûntduts er by de opgravings fan de midsiuwske Waag in histoaryske ‘damboerdflier’.
    Mear ynformaasje folget noch.
  • Tiisdei 2 febrewaris 2027 (lêzing, ynformaasje folget)
  • Tongersdei 15 april 2027: Ledegearkomste mei lêzing fan Marcel Niekus
    Marcel Niekus is archeolooch en spesjalisearre yn ûndersyk nei de Stientiid. Yn 1995 studearre Niekus ôf oan de Ryksuniversiteit Grins. As foarsitter fan de Stichting Stone set Niekus him yn om kennis oer de prehistoaryske mienskippen yn Nederlân te fergrutsjen, troch ûndersyk te dwaan en dizze tagonklik te meitsjen foar sawol wittenskippers, beliedsmakkers as in breed publyk. 
    Mear ynformaasje folget noch.

Earder dit jier

Sneon 5 septimber 2026 - Ekskurzje
Nei museum en depot Huis van Hilde, ít plak foar archeology fan Noard-Hollân. 
Mear ynformaasje oer de ekskurzje >>