Skip to main content Skip to page footer

Archeologysk Wurkferbân: Lêzing Stijn Arnoldussen

It Archeologysk Wurkferbân wol amateurarcheologen yn Fryslân byinoar bringe en besiket om it âldheidkundich ûndersyk yn 'e provinsje te stypjen.

Troch it organisearjen fan lêzingen, kursussen, praktysk wurk en ekskurzjes besiket it Archeologysk Wurkferbân om de kennis fan 'e leden oangeande de archeology te fergrutsjen. Soks kin bydrage ta it sinfoller omgean mei de leafhawwerij. In oansprekkende aktiviteit is fierders dat leden dielnimme kinne oan opgravings fan foechhawwende ynstânsjes.

Tongersdei 27 novimber organisearret it Archeologysk Wurkferbân wer in ledegearkomste, mei in lêzing fan Stijn Arnoldussen oer it kleaster Yesse en archeologyske learopgravingen op it kleasterterrein. Der is ek romte om meibrochte fynsten te determinearjen. Hawwe jo noch nijsgjirrige fynsten thús lizzen? Nim se dan mei. 

Ek wurde der op dizze jûn boeken oer archeology en skiednis oanbean, ôfkomstich fan âld-lid Arjen Draaisma. Leden fan it Archeologysk Wurferbân krije de mooglikheid om harren boekekolleksje út te wreidzjen, mei in maksimum fan twa boeken de man. De start is om 19:15.

Mear ynformaasje fine jo hjir >>

Oare gearkomsten yn it winterseizoen 2025/2026:

  • Lêzing: tiisdei 03-02-2026
  • Lêzing: tongersdei 16-04-2026