Lêzing Marco Bakker: ‘De veenontginningen van de ijzertijd en Romeinse tijd in Friesland'
Oer de lêzing
De Fryske feanûntginnings begûnen al yn de 4e iuw foar Kristus en wiene benammen bedoeld om lânbou mooglik te meitsjen. Dat docht bliken út promoasjeûndersyk fan Marco Bakker. Syn ûndersyk lit sjen dat dizze iere yngrepen yn it lânskip úteinlik net duorsum wiene en laten ta it ferlitten fan delsettings – dy ’t letter dochs wer bewenber waarden.
Ut argeologyske waarnimmingen wie bekend dat al inkelde iuwen foar it begjin fan de jiertelling parten fan de Fryske feanen út de kwelders wei troch terpbewenners ûntgûn waarden. Ut lytsskalige opgravings waard lykwols foaral dúdlik dat der noch net folle mei wissichheid sein wurde koe oer dit fenomeen. Marco Bakker woe mei syn ûndersyk dêrom mear ynsjoch krije yn dizze ierste Fryske feanûntginnings. Syn ûndersyk smyt tal fan nije ynsichten op oer dy ûntginnings.
Ien fan de wichtichste ynsichten is dat de driuwfear efter dy ûntginnings it kreëarjen fan in agrarysk kultuerlânskip wie. Oare aktiviteiten, lykas turfwinning, wiene fan sekundêr belang. In oar wichtich ynsjoch is dat dy ûntginnings alhiel net duorsum wiene. De ûntwettering troch sleatten feroarsake boaiemdelgong. Dêrtroch waarden de lannen hieltyd wieter. Dit twong de bewenners úteinlik om nij fean te ûntginnen en harren delsettingen te ferpleatsen.
Nijsgjirrich is dat de ferlitten ûntginnings stadichoan wer omheech komme, foaral troch ôfsetting fan seeklaai. Hjirtroch herstelde de balâns har wat en waarden se oer tiid wer geskikt foar bewenning, wat dan ek wol barde. Ut it ûndersyk docht fierder bliken dat de ein fan dy ûntginnings oanslút by de befolkingsdelgong yn it terpegebiet fan de 3e en iere 4e iuw n.C.
Marco Bakker is op 22 jannewaris 2026 oan de Ryksuniversiteit Grins promovearre op dit ûndersyk mei de dissertaasje ‘Peat reclamations of the Pre-Roman Iron Age and Roman Iron Age in Friesland (The Netherlands): habitation, drainage and agriculture in a dynamic landscape’.
Datum: tiisdei 3 febrewaris
Plak: Tresoar, Bûterhoeke Ljouwert
Tiid: 19:45 oere
Yntree: fergees
Oer it Archeologysk Wurkferbân
It Archeologysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy wol amateurarcheologen yn Fryslân byinoar bringe en besiket om it âldheidkundich ûndersyk yn 'e provinsje te stypjen. Troch it organisearjen fan lêzingen, kursussen, praktysk wurk en ekskurzjes besiket it Archeologysk Wurkferbân om de kennis fan 'e leden oangeande de archeology te fergrutsjen. Soks kin bydrage ta it sinfoller omgean mei de leafhawwerij. In oansprekkende aktiviteit is fierders dat leden dielnimme kinne oan opgravings fan foechhawwende ynstânsjes.
Elkenien is wolkom by de gearkomsten. Lid wurde kin fansels ek. Wa't stiper is fan de Fryske Akademy (€25,- yn it jier) kin fergees lid wurde fan in wurkferbân (of meardere wurkferbannen). Sa bliuwe jo altyd op 'e hichte.
De lêste aktiviteit fan it Archeologysk Wurkferbân yn de rige 2025-2026:
- Lêzing: tongersdei 16-04-2026