Archeologysk Wurkferbân: Archeolooch Lisa Terpstra fertelt oer bysûndere famyljefynsten
By de gearkomste fan it Archeologysk Wurkferbân op tongersdei 16 april is Lisa Terpstra, archeoloog by Movarus, útnûge. Terpstra sil fertelle oer de fiif-wiken duorjende opgravens oan it Achterom op ‘e Lemmer. Foar Terpstra wie dit net samar in projekt: by it fjildwurk brocht se letterlik har eigen famyljeskiednis boppe de grûn. Troch in persoanlike fynst koe Terpstra archeology, lokale skiednis en famyljeferhalen by-inoar bringe.
Dêrneist is der dy jûns romte om sels fynsten mei te bringen en determinearje te litten.
Lokaasje: Tresoar, Boterhoek 1, 8911 DH Ljouwert
Tiid: 19:45
Tagong: Fergees