Genealogysk Wurkferbân en Wurkgroep Maritime Skiednis: Jan Auke Walburg oer 'Friezen op zee'
Oer Friezen op zee
Fryslân is mear as allinnich in agraryske provinsje. Iuwenlang is de wolfeart fan Fryske doarpen en stêden bepaald troch harren skipfeart. Dizze Fryske bydrage oan de keapfardij komt net út de loft fallen. Al tusken de jierren 750 en 900 belibje de Friezen in earste bloeiperioade yn de hannel út de Fries / Frankyske keningsstêd Dorestad wei.
Walburgs nijste boek 'Friezen op zee: De gouden eeuw van de koopvaardij in Friese steden en dorpen' fertelt it ferhaal fan seisentweintich Fryske gemeenten: hoe't tsientûzenen skippen út Fryslân wei troch de Sont op wei geane nei de Eastsee, hoe't boeresoannen op harren eigen lân skippen bouwe dy't de see opgeane, hoe't hiele famyljes har rjochtsje sille op de skipfeart, faak yn gearwurking mei harren famyljeleden yn Amsterdam en de Zaanstreek. Hoe't Waadeilanners harren wolfeart mei walfiskfeart opbouwe, hoe't merkplakken midden yn Fryslân útgroeie ta ynternasjonale havens, hoe't de bewenners fan feangebieten harren turf opgrave en ferfiere nei Amsterdam, hoe't mannich Frysk plak in sintrum wurdt fan skipsbou en ek hoe't de keapfardij ûnder giet.
Yn de santjinde en achttjinde iuw komt de Fryske keapfardij ta in ûnkende bloeiperioade dy't hast oeral yn Fryslân wolfeart bringt. Net tafallich is dy Fryske Gouden Iuw ûnskiedber ferbûn mei de Gouden Iuw fan Amsterdam. Dy stêd hat it begjin fan har groei en ûntwikkeling as hannelsstêd foar in grut part oan 'e Eastseehannel te tankjen.
It binne benammen de Friezen dy't Amsterdammers fiede mei it nôt dat sy út de Eastseegebieten helje, dy't Amsterdam foarsjogge fan it hout dat nedich is om de stêd te bouwen en dy't letter de boargers fan Amsterdam en de yndustryen fan Amsterdam en de Zaanstreek foarsjogge fan turf as brânje. Dy ‘libbenssenuw’ fan de Hollânske wolfeart ûntwikkelet him foar in grut part út de meniste netwurken dy’t Amsterdam en Fryslân mei-inoar ferbine. Yn dizze leauwensmienskip wurkje sy gear yn hannel en skipfeart: de Amsterdammers as reders en de Friezen as transporteurs.
Oer Jan Auke Walburg
Em. prof. Jan Auke Walburg wie yn syn wurklibben direkteur fan ferskate organisaasjes yn'e sûnenssoarch. Syn resinte boek Friezen op zee: De gouden eeuw van de koopvaardij in Friese steden en dorpen kaam ta stân op basis fan syn Fryske komôf, syn romme sylûnderfining yn en om Fryslân hinne en mei syn fakgebiet. Op dat snijpunt rjochte er syn belangstelling op de omstannichheden dêr't Fryske mienskippen by ta bloei kamen. Hy ferdjippe him yn dizze skiednis troch bestudearring fan de beskikbere literatuer en in soad petearen mei eksperts op it mêd fan de Fryske keapfardij.
Syn syktocht bringt oan it ljocht hoe bot de wolfeart fan Amsterdam en Fryslân ferweve binne, hoe sterk de rol fan de meniste famyljeferbannen dêrby wie, hoe bot Fryske seelju Fryslân ta wolfeart brochten en hokker priis hja dêrfoar betellen. Walburg is skriuwer en foarsitter fan de Wurkgroep Maritime Skiednis.
Oer de lêzing op 7 maart
Alle jierren organisearret it Genealogysk Wurkferbân in rige gearkomsten. De lêzings binne yn Tresoar en fergees tagonklik foar elkenien. Op 7 maart stiet dizze mienskiplike gearkomste op 'e aginda, organisearre yn oparbeidzjen mei de NGV en de Wurkgroep Maritime Skiednis fan de Fryske Akademy.
Plak: Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert.
Datum: sneon 7 maart 2026
Tiid: 13:30 oere
Yntree: fergees
N.b. dizze lêzing is yn it Nederlânsk.
Aktiviteiten 2026
- Sneon 7 maart 2026: Mienskiplike gearkomste fan de NGV en de Wurkgroep Maritime Skiednis fan de Fryske Akademy, mei in lêzing fan Jan Auke Walburg oer 'Friezen op zee. De Gouden eeuw van de koopvaardij in Friese steden en dorpen’;
- Sneon 4 april 2026: Presintaasje fan it 75e Genealogysk Jierboek