Skip to main content Skip to page footer

Genealogysk Wurkferbân: Reis Skipfeartmuseum Snits. Foto: Christian Storb (Pixabay)

Genealogysk Wurkferbân: Kollegetour n.o.f. ‘En toch willen we liever hier blijven’ fan Tjitte de Vries

It Genealogysk Wurkferbân graaft yn 't papieren ferline fan Fryslân. Genealogen hâlde harren dwaande mei it ûndersyk fan geslachten (famyljenammen).

De leden fan it Genealogysk Wurkferbân jouwe omtinken oan 'e gearhing fan dy geslachten en oan de omstannichheden dêr't dy ûnder libbe hawwe. Hja dogge soks om dêr it eigen ynsjoch mei te ferdjipjen, mar ek om oaren, bygelyks skiedkundigen, mei de útkomsten fan harren ûndersyk te skewielen.

Alle jierren organisearret it Genealogysk Wurkferbân in rige gearkomsten. De lêzings binne yn Tresoar en fergees tagonklik foar elkenien.

Aktiviteiten

De aktiviteiten fan it seizoen 2025-2026:

  • Sneon 13 septimber 2025: Ekskurzje Skipfeartmuseum Snits, mear ynformaasje folget;

  • Sneon 25 oktober 2025: Lêzing fan Klaas Abma oer ‘Voorlanden, boerderijen en landerijen van mijn voorouders 1700-2000';

  • Sneon 29 novimber 2025: Presintaasje fan it 75e Genealogysk Jierboek;

  • Sneon 3 jannewaris 2026: Kollegetour n.o.f. it boek ‘En toch willen we liever hier blijven’ fan Tjitte de Vries;

  • Sneon 31 jannewaris 2026: Lêzing fan Martha van der Zwaag oer de famylje Pilat;

  • Sneon 7 maart 2026: Mienskiplike gearkomste fan de NGV en de Wurkgroep Maritime Skiednis fan de Fryske Akademy, mei in lêzing fan Jan Auke Walburg oer 'Friezen op zee. De Gouden eeuw van de koopvaardij in Friese steden en dorpen’

  • Sneon 4 april 2026: Lêzing fan Siem van der Woude oer (in) rjochtsa(a)ken út it Hof fan Fryslân.

Mear ynformaasje folget.