Skip to main content Skip to page footer

Genealogysk Wurkferbân

It Genealogysk Wurkferbân (sûnt 1946) graaft yn 't papierene ferline fan Fryslân. Genealogen hâlde harren dwaande mei it ûndersyk fan geslachten. Hja jouwe omtinken oan 'e gearhing fan dy geslachten en oan de omstannichheden dêr't dy ûnder libbe hawwe. Hja dogge soks om dêr it eigen ynsjoch mei te ferdjipjen, mar ek om oaren, bygelyks skiedkundigen, mei de útkomsten fan harren ûndersyk te skewielen.

Nei de Twadde Wrâldoarloch is it Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy oprjochte om de krêften op dat mêd te bondeljen. Nei 1970 hat it Wurkferbân in grutte flecht naam, sadat it op in beskaat momint mear as 500 leden telde. Ut de leden fan it Genealogysk Wurkferbân is yn 1956 in beheind tal leden ynstallearre as de Fryske Rie foar Heraldyk. Dy Rie hâldt him dwaande mei alle saken dy't wapens en flaggen oanbelangje.

 

Bestjoer en kontakt

Foarsitter: Wybo Palstra 
Skriuwer: Melle van der Heide
Bestuursleden: Jelle de Jong, Anne Hielke Lemstra, Rinse Spits, Anneke Westerhuis-Jager, Theo Delfstra, Bernd Huisman.


Oer it Genealogysk Wurkferbân

It Genealogysk Wurkferbân:

  • riedt de útjefte ta fan it Genealogysk Jierboek;
  • organisearret gearkomsten dêr't in genealogysk of heraldysk ûnderwerp yn oan 'e oarder steld wurdt om de kennis en it ynsjoch fan 'e leden te fergrutsjen;
  • organisearret alle jierren in ekskurzje nei in pear tsjerken om grêfsarken, roubuorden ensfh. te besjen;
  • organisearret ienkear yn 'e twa jier in Genealogyske Dei yn 'e mande mei de ôfdieling Fryslân fan de Nederlandse Genealogische Vereniging en de stifting Freonen fan de Argiven yn Fryslân;
  • hat in Grêfskriftekommisje, dy't ûndersyk docht nei grêfstiennen dy't by tsjerkerestauraasjes foar 't ljocht komme. Mear ynfo sjoch ûnderoan dizze side.

Genealogysk Wurkferbân docht gjin genealogysk ûndersyk foar tredden. Guon leden binne wol ree om soks persoanlik, tsjin fergoeding, te dwaan. Genealogen kinne foar harren ûndersyk yn Fryslân û.o. terjochte by Tresoar, it Histoarysk Sintrum Ljouwert, it Streekargyf Noardeast-Fryslân en yn alle gemeente-argiven yn Fryslân. Dizze ynstellingen nimme ek genealogyske publikaasjes, fakentiden basearre op ûndersyk yn dy argiven, graach op yn harren kolleksje. Foar net-publisearre ûndersyk en databestanenn is gjin plak yn harren kolleksjes. De Stichting Erfgoed Fundaasje is dêr ûnder betingsten wol ree ta. Dizze ynstelling kin yn oerlis wol ûnkostefergoeding yn rekken bringe. 

Genealogysk Jierboek 2025

Wolle jo it Genealogysk Jierboek 2025 bestelle? Dat kin mei ûndersteand bestelformulier. 

Bestelformulier GJ 2025


Grêfskriftekommisje

Yn 'e rin fan 'e ôfrûne jierren binne ferskate tsjerken yn Fryslân restaurearre. De Grêfskriftekommisje fan it Genealogysk Wurkferbân makket, sadree't er weet kriget dat der earne in tsjerkeflier útgiet, in sekuere ynventarisaasje fan bekende en ûnbekende grêfskriften op 'e sarken.

 

 

Aginda

Programma 2026-2027

  • 31 oktober 2026 (ledegearkomste)
  • 28 novimber 2026 (lêzing)
  • 9 jannewaris 2027 (lêzing)
  • 6 maart 2027 (mienskiplike gearkomste mei de NGV)
  • 3 april 2027 (lêzing)