Genealogysk Wurkferbân: Lêzing fan Rob Dix
De leden fan it Genealogysk Wurkferbân jouwe omtinken oan 'e gearhing fan dy geslachten en oan de omstannichheden dêr't dy ûnder libbe hawwe. Hja dogge soks om dêr it eigen ynsjoch mei te ferdjipjen, mar ek om oaren, bygelyks skiedkundigen, mei de útkomsten fan harren ûndersyk te skewielen.
Alle jierren organisearret it Genealogysk Wurkferbân in rige gearkomsten. De lêzings binne yn Tresoar en fergees tagonklik foar elkenien.
Aktiviteiten
De aktiviteiten fan it seizoen 2025-2026:
- Sneon 29 november 2025 Lêzing fan Rob Dix oer Middeleeuws Vlechtwerk, in database mei genealogyske gegevens gan likernôch 140.000 persoanen dy't foar 1700 berne binne (ynkl. ca. 7.000 Friezen)
Utnûging mei mear ynformaasje >> - Sneon 3 jannewaris 2026: Kollegetour n.o.f. it boek ‘En toch willen we liever hier blijven’ fan Tjitte de Vries;
- Sneon 31 jannewaris 2026: Lêzing fan Martha van der Zwaag oer de famylje Pilat;
- Sneon 7 maart 2026: Mienskiplike gearkomste fan de NGV en de Wurkgroep Maritime Skiednis fan de Fryske Akademy, mei in lêzing fan Jan Auke Walburg oer 'Friezen op zee. De Gouden eeuw van de koopvaardij in Friese steden en dorpen’
- Sneon 4 april 2026: Presintaasje fan it 75e Genealogysk Jierboek