Skip to main content Skip to page footer

Genealogysk Wurkferbân: Reis Skipfeartmuseum Snits. Foto: Christian Storb (Pixabay)

Genealogysk Wurkferbân: Lêzing Martha van der Zwaag oer de famylje Pilat

It Genealogysk Wurkferbân graaft yn 't papieren ferline fan Fryslân. Genealogen hâlde harren dwaande mei it ûndersyk fan geslachten (famyljenammen).

De leden fan it Genealogysk Wurkferbân jouwe omtinken oan 'e gearhing fan dy geslachten en oan de omstannichheden dêr't dy ûnder libbe hawwe. Hja dogge soks om dêr it eigen ynsjoch mei te ferdjipjen, mar ek om oaren, bygelyks skiedkundigen, mei de útkomsten fan harren ûndersyk te skewielen.

Alle jierren organisearret it Genealogysk Wurkferbân in rige gearkomsten. De lêzings binne yn Tresoar en fergees tagonklik foar elkenien.

Op 31 jannewaris jout Martha van der Zwaag, dosint by NHLStenden en dosint Nederlânsk en Skiednis by Piter Jelles!impulse, in lêzing oer de famylje Pilat en Pilot. 

It wie earmoede yn it Dútske Burgsteinfurt (en boereomjouwing fan Hollich) dêr't de Pilatten en Pilotten wei kamen. Troch de yndustrialisearring begjin 19e iuw stoarte de linnenyndustry yn; jonge boeresoannen fûnen gjin takomst mear op it lân. Jan Heinrich en Johann Pilat besleaten harren gelok earne oars te sykjen. Mei neat mear as harren woarteldoek mei har hawwen en hâlden, en harren fakmanskip, kuierden se nei Fryslân. Yn Mitselwier fûnen se wurk as wevers, en sa begûn it ferhaal fan de Pilaten en Pilotten yn Fryslân en omkriten; in famylje dy ’t útgroeide ta in kleurrike, brede mienskip mei djippe woartels en in ryk ferhaal. 

Hjoed-de-dei set de Stichting Pilatten en Pilotten, ûnder foarsitterskip fan Martha van der Zwaag – dosint, keunstner en galeryhâlder – har yn om dizze skiednis libben te hâlden. De stichting sammelet dokuminten, foto’s, ferhalen en oantinkens om de famyljeskiednis te bewarjen én te dielen. Net allinnich foar de famylje sels mar ek nei bûten ta as werkenning foar oare famyljes.

Klik hjir foar mear ynformaasje en de útnûging >>

Aktiviteiten 2026

  • Sneon 31 jannewaris 2026: Lêzing fan Martha van der Zwaag oer de famylje Pilat;
  • Sneon 7 maart 2026: Mienskiplike gearkomste fan de NGV en de Wurkgroep Maritime Skiednis fan de Fryske Akademy, mei in lêzing fan Jan Auke Walburg oer 'Friezen op zee. De Gouden eeuw van de koopvaardij in Friese steden en dorpen
  • Sneon 4 april 2026: Presintaasje fan it 75e Genealogysk Jierboek.