Skip to main content Skip to page footer

Foto: Mabel Amber, who will one day via Pixabay

Lânboukundich Wurkferbân: Ekskurzje Veenweide Innovatie Polder

It bestjoer fan it Lânboukundich Wurkferbân nûget jo út foar in ekskurzje nei it VIP (Veenweide Innovatie Polder) op 30 maaie 2026.

Veenweide Innovatie Polder

Stichting VIP-Hegewarren ûndersiket mei praktykproeven de effektiviteit fan ferwietingsmaatregels en de kombinaasje fan wieting mei fean mei rendabele bedriuwsfiering. 

Gean op 'e fyts mei op ekskurzje troch it Fryske feangreidegebiet! Op sneon 30 maaie hat it Lânboukundich Wurkferbân, yn 'e mande mei de Friese Milieu Federatie, in besite organisearre oan de Veen Innovatie Polder Hegewarren yn Aldegea (Sm.) en jo binne fan herte útnûge! De Stichting VIP-Hegewarren beheart twa bedriuwssystemen yn de polder: in natuermelkfeebedriuw en in feanwetterbedriuw. De bedriuwen fasilitearje ûndersyk en ynnovaasje troch projekten dy't harren rjochtsje op fraachstikken yn it feangreidegebiet. En dêr wolle se jo graach alles oer fertelle. 

Tiid: 13:00-15:00 oere
Lokaasje: Hegewarren 15, Oudega/Aldegea (Sm)
Tagong: Fergees as jo in eigen fyts meinimme, in hierfyts kostet €8,-. 

Oanmelde kin fia it Frysk Lânboumuseum 

Oanmelde