Lansearring 'Een Neus voor Erfgoed' (Museum Joure)
Hoe rûkt Fryslân?
Wat binne typyske Fryske geuren of geurwurden? Binne der Fryske geuren dy't sa weardefol binne dat we se bewarje wolle as erfgoed? Wat is ‘geurerfgoed’ eins, en wa bepaalt hokker geuren as erfgoed erkend wurde? By it lansearjen fan ‘Een Neus voor Erfgoed’ – in gearwurking tusken KNAW Humanities Cluster (Meertens Instituut en NL-Lab), Fryske Akademy en IFF (International Flavors & Fragrances) – sykje wy mei-inoar nei it Fryske geurlânskip. Dat dogge we net allinnich mei ûndersikers, mar just ek mei it publyk. Elkenien is fan herte útnûge om mei te tinken en mei te rûken.
Presintaasjes en geurmerk yn Museum Joure
Lear mear oer it projekt, snuffelje rûn en diel geurûnderfinings en - oantinkens. It museum iepenet dizze middei syn doarren foar noasgjirigen fan alle leeftiden, en foar erfgoed- en museumprofessjonals dy't ynteressearre binne yn de rol fan geur yn erfgoed.
It programma bestiet út koarte presintaasjes oer geurerfgoed en it ûndersyksprojekt Een Neus voor Erfgoed, en in geurmerk, dêr'tst op ferskate wizen de noas folgje kinst.
Op de geurmerk kinne je ûnder oaren
Oanskowe by de geurtafel en dyn geurûnderfiningen diele. Lotte Meeuwissen en Eveline de Smalen geane mei dy yn geurpetear oer it Fryske geurlânskip. Oer hokker geuren bysûnder binne, en miskien bewarre of rekonstruearre wurde moatte. Hoe praatst oer rûke? Oan tafel wurdt rûkt, tekene, skreaun en harke.
Histoaryske geuren ûntdekke út Odeuropa's geurkolleksje. Rûk rekonstruksjes fan histoaryske dampen – lykas de geur fan snúftabak, fan pomanders en âlde parfumresepten, fan de grêften yn de 17e iuw, de slach by Waterloo, of (foar de doarfal) de stank fan de hel... Erfgoed-ekspert Sophie Elpers fertelt wêrom't wy geuren bewarje moatte soene as in foarm fan erfgoed.
Mei op geurkuier (smell walk) ûnder lieding fan geurhistorika Inger Leemans. We gean op 'e strún troch de drukkerij, de metaaljitterij en de klokkemakkerij, om dy geurlânskippen mei de noas yn kaart te bringen.
Dyn noaswiisheid fergrutsje yn'e Kofjepriuwerij. Museum Joure stiet op de bakermatte fan Douwe Egberts. Untdek oftsto in echte kofjekenner bist. Set, rûk en priuw sels ferskillende kofjesoarten. Wylst de kofje wat ôfkuollet - rûkst en priuwst wat mear - krijst je útlein hoe't kofje syn rook en smaak krijt. En dan: rûke en priuwe mar! Hasto de goede kofje by it goede kopke?
Fryske streekprodukten priuwe en ynhalearje by ús borreltafel. Elkenien dy't troch covid tydlik de reuksin ferlern hat, is him der better fan bewust: de noas is essinsjeel foar ús fermogen om te priuwen. By de buorreltafel kinst genietsje fan Fryske lekkernijen - mei de noas ticht en iepen.
Win in Neuswijzer-priis!
Under de dielnimmers dy't oanslute by de geurtafel en dêr harren geurûnderfiningen en geurtaal diele, wurde moaie prizen ferlotte: in histoaryske geurkears en in eksimplaar fan it boek Neuswijzer: Geuratlas van de Lage Landen.
Wat: Lansearring ûndersyksprojekt Een Neus voor Erfgoed
Wannear: 24 maart 2026, 14.30–16.30 oere
Wêr: Museum Joure, De Jouwer (ynfo oer berikberens/parkearjen)
Oanmelde: Tagong is fergees, wol freegje wy dy oan te melden fia Eventbrite (úterlik 17 maart 2026). It ticket is ynklúsyf museumentree.
Komst mei bern, of bist mear fan it ûntdekken as fan it stilsitten en harkjen? Dan binne je ek wolkom om allinnich de geurmerk fan 15.15 ôf te besykjen, en it presintaasjepart oer te slaan.
Programma
14.00-14.30: Ynrin mei kofje
14.30-15.15: Presintaasjes
– Noasiepening – Jantine van der West (Fryske Akademy)
– Wat is geurerfgoed en hoe giet it projekt Een Neus voor Erfgoed dat ûndersykjen? – Inger Leemans (projektlieder), Eveline de Smalen (ûndersiker), Lotte Meeuwissen (sintúchlik ûntwerper)
– Wêrom't geuren fan belang binne foar it Fryske erfgoedbelied – Provinsje Fryslan, deputearre Eke Folkerts
– Wêrom't erfgoed fan belang is foar de geurindustry – Aukje Dantuma, Global Marketing Director bij IFF
– It geurlânskip fan Museum Joure, direkteur Iris Nutma
15.15-16.15: Geurmerk – ynrin mooglik
16.15-16.30: Ofsluting