Presintaasje Hindrik Sijens, FUEN Non-Kin-State Working Group Meeting, Tresoar, Ljouwert (besletten)
Wat hawwe de Roma, de Sorben en de Friezen, de Ladijnen, de Pomaken en de Meskhetyske Turken mei-inoar gemien? Harren fertsjintwurdigers hearre ta minderheden dy't noch in eigen steat hawwe, noch in buorlân dêr't hja de mearderheid yn foarmje. Krekt dêrom steane hja foar ferlykbere útdagings as it giet om it behâld en it yn stân hâlden fan harren taal, kultuer en identiteit.
Utwikseling tusken dizze mienskippen is dêrom namste wichtiger. De wurkgroep Non-Kin-State (NKS), ûnder de paraplu fan FUEN, biedt in platfoarm foar dizze útwikseling. Fan 2 oant en mei 5 july 2026 komt de wurkgroep byinoar foar har tsiende jierlikse gearkomste, diskear yn Ljouwert yn de provinsje Fryslân yn Nederlân.
De konferinsje wurdt organisearre troch de Fryske FUEN-lidorganisaasje De Fryske Beweging, dy't him ynset foar de befoardering fan de Fryske taal en kultuer.
Sijens
Yn de werksesje “Digital presence of minority languages” sil leksikograaf Hindrik Sijens fertelle oer Digitale taaltools foar it Frysk, mei as fokus Frysker. Syn presintaasje hat de titel ‘Frysker: what is (in) it’.
De konferinsje is allinnich foar leden fan de Wurkgroep NKS.