Wurkgroep Maritime Skiednis: Ledegearkomste Skûtsjemuseum
It bestjoer fan de Wurkgroep Maritime Skiednis nûget har leden út foar in ledegearkomste op sneon 18 oktober 2025 yn Earnewâld by it Skûtsjesmuseum.
De middei sil yn it teken stean fan it bekendste skipstype yn Fryslân: it skûtsje. Bouwmeester Johan Prins makke in replika fan it bekende skip Aebelina, dat yn de njoggentjinde iuw sa'n soad prizen won dat it net mear meidwaan mocht oan in oantal wedstriden, en fertelt oer de bou fan it skip. De replika fan Prins is te besjen yn it museum. Nei it skoft jout oprjochter en direkteur Age Veldboom in rûnlieding troch it Skûtsjemuseum.
Yntrodusees binne wolkom.
Programma
13:30 Ynrin
14.00 Iepening fan de ledegearkomste
14.15 Lêzing fan Johan Prins oer de bou fan de Aebelina
15.00 Skoft mei kofje en oranjekoeke
15.15 Rûnliening troch it museum en ferhalen troch Age Veldboom
16.15 Buorrel mei hapkes
17.00 Sluting
It hiele arranzjement bedraacht €12,- p.p. (betelling oan de kassa)
Foar minsken dy't mei it iepenbier ferfier komme, sille wy in pindeltsjinst regelje tusken de bushalte oan 'e Wâldwei (Garyp, Rykswei) en it museum. Lit ús by de oanmelding efkes witte oftst dêr gebrûk fan meitsje wolst.
Oanmelde kin troch in mail te stjoeren.