Archeologysk Wurkferbân: ekskurzje nei Frjentsjer (6 septimber 2025)
Troch it organisearjen fan lêzingen, kursussen, praktysk wurk en ekskurzjes besiket it Archeologysk Wurkferbân om de kennis fan 'e leden oangeande de archeology te fergrutsjen. Soks kin bydrage ta it sinfoller omgean mei de leafhawwerij. In oansprekkende aktiviteit is fierders dat leden dielnimme kinne oan opgravings fan foechhawwende ynstânsjes.
Ekskurzje nei Frjentsjer
It bestjoer fan it Archeologysk Wurkferbân nûget jo út foar in ekskurzje nei Frjentsjer op sneon 6 septimber 2025. It programma sjocht der sa út:
13:00 oere | Stedskuier (1 oere), start by Museum Martena (Foarstrjitte 35, Frjentsjer)
14.00 oere | Wat drinke (Museum Martena)
14:30 oere | Besite museum Martena mei rûnlieding (1 oere)
15:45 oere | besite Planetarium (foar wa’t der nocht oan hat)
Arranzjemint €15,00 p.p., te beteljen oan de kassa (koartingskaarten lykas de Museumkaart jilde net!). Kofje/tee mei koeke € 2,50 p.p.
It is needsaaklik dat jo jo fia de e-mail opjouwe by de skriuwer fan it Wurkferbân, Koos Tiemersma.
Oare aktiviteiten
De oare aktiviteiten fan it seizoen 2025-2026:
- Lêzing: tiisdei 07-10-2025
- Lêzing: tongersdei 27-11-2025
- Lêzing: tiisdei 03-02-2026
- Lêzing: tongersdei 16-04-2026
Mear ynformaasje oer de lêzingen folget noch.
Lid wurde fan in wurkferbân
Elkenien dy't stiper is fan de Fryske Akademy kin fergees lid wurde fan in wurkferbân. Dat binne platfoarms foar boargerwittenskip en moetingsplakken foar minsken mei in dielde ynteresse of passy op it mêd fan bgl. stambeamûndersyk, lânbou, archeology of maritime skiednis fan Fryslân. Leden fan wurkferbânnen krije útnûgings foar gearkomsten, lêzings en ekskurzjes. Oanmelde foar in wurkferbân kin by Adriana Kaspers fan de Fryske Akademy.