Oerdracht HisGIS oan KNAW Humanities Cluster
Op 21 oktober hawwe de Fryske Akademy en it KNAW Humanities Cluster in gearwurkingsoerienkomst tekene om de ynbêding fan it Histoarysk-Geografysk Ynformaasje Systeem (HisGIS) yn de nasjonale ynfrastruktuer te bekrêftigjen. De hantekeningen waarden set troch Leo Lucassen (direkteur Ynternasjonaal Ynstitút foar Sosjale Skiednis, út namme fan it KNAW Humanities Cluster) en Nelleke IJssennagger-van der Pluijm (direkteur-bestjoerder Fryske Akademy).
Mei de oerdracht fan de data, software en koade fan HisGIS nei it KNAW Humanities Cluster kinne no stappen set wurde om de ynfrastruktuer fierder út te rôljen yn Nederlân en sa op te nimmen yn CLARIAH, de nasjonale ûndersyksynfrastruktuer foar de geasteswittenskippen yn Nederlân.
Oer HisGIS
HisGIS is mear as tweintich jier lyn úteinset op de Fryske Akademy as in programma om, foar de Fryske of mei Fryslân ferbûne regio’s yn Noard-Nederlân, it âldste kadaster (1812-1832) per perseel te digitalisearjen foar it romtlik pleatsen fan ferskate histoaryske en archeologyske en ûntwikkelingen.
It doel fan it HisGIS projekt is it kreëarjen fan in ynfrastruktuer foar it analysearjen en presintearjen fan histoaryske geodata foar Nederlân, basearre op de lytste geografyske ienheid: it perseel. Fan begjin ôf wie it de bedoeling dat HisGIS in kapstôk wurde soe foar it keppeljen en werjaan fan romtlike datasets foar gâns tema’s en tiidrekken, fan midsiuwske galgen en pachtûntwikkeling ta sosjale segregaasje en mobiliteit yn njoggentjinde-iuwske binnenstêden.
Kadaster 1832
De basis leit yn it Kadaster út 1832, dat hiel Nederlân bestrykt. It ûntwerp fan HisGIS komt fuort út in projekt dat yn 1988 opset waard troch Hans Mol en Paul Noomen (ûndersikers Fryske Akademy): de Kadastrale en Pre-kadastrale Atlas van Friesland. Dit wie in analoge publikaasje, publisearre yn 17 dielen tusken 1988 en 2003.
Yn 1998 waard úteinset mei it digitalisearjen fan de Fryske dielen fan it Kadaster út 1832, in projekt dat yn 2005 ôfrûne waard. Yn it ferlingde hjirfan waarden tal fan nije kaarten en ynformaasjelagen tafoege. De metodology en it ûntwerp fan it digitale Fryske HisGIS wie foarútstribjend en basearre op de technyske mooglikheden fan dat momint. By it Deltaplanprojekt (2016 -2019), dat ta doel hie ynsicht te krijen yn de feroaring fan it Kadaster fan 1887, waard in begjin makke om as earste de kaart fan 1832 opnij te georeferearjen. Dy soe dêrnei as basis tsjinje foar it Kadaster fan 1887. It hiele proses fan ferbetteringen hat der úteinlik ta laat dat de kaart begjin 2020 klear wie.
Oare provinsjes
Nei't de provinsje Fryslân suksesfol digitalisearre wie, waarden de oare Nederlânske provinsjes benadere troch it HisGIS projektteam fan de Fryske Akademy. De provinsje Grinslân waard yn 2010 as earste yn it HisGIS systeem set, wêrnei't de oare provinsjes folgen: Utrecht (2011), Oerisel (2012), Noard-Hollân (2013), Drinte (2016), Noard-Brabân (2017), Gelderlân (2018), Limboarch (2019), Seelân (2020), Súd-Hollân (2020).
Fanwegen de tanimmende belangstelling foar Spatial Humanities waard it sukses en belang fan HisGIS opmurken troch de KNAW, dy't oanbea om, yn gearwurking mei de Fryske Akademy, de Nederlânske HisGIS ynfrastruktuer te húsfestjen. Omdat de Nederlânske HisGIS bûten it ûndersyksterrein fan de Fryske Akademy groeid wie, waard dit fersyk ferwolkomme.
Takomst
De Fryske Akademy sil him no rjochtsje op de opbou fan in Geoportaal Fryslân en stappen meitsje yn it behear en trochûntwikkeling fan de ferrykingslagen dy't betrekking hawwe op de Fryske kasus. Yn it lanlike geo-portaal stiet, mei tank oan ús HisGIS-team, in soad wittenskiplik weardefolle kennis; foar de Fryske Akademy is it no wichtich om de duorsumens fan de besteande HisGIS-ûndersyksprodukten te garandearjen en sa dizze gegevens iepen te hâlden foar takomstich ûndersyk yn in nij Geoportaal.