Skip to main content Skip to page footer

Beeld: Os King, foto: Geerten Kalter

Nij ûndersyk bringt geuren fan Fryslân yn kaart

Hoe rûkt Fryslân? Wat is ‘Frysk geurerfgoed’? En: wa bepaalt eins hokker geuren as erfgoed erkend wurde? Yn it nije ûndersyksprojekt 'Een Neus voor Erfgoed' bondelje ûndersikers, ûntwerpers en parfumeurs harren krêften om de geuren fan Fryslân te ûndersykjen, te dokumintearjen en rûke te litten. Op tiisdei 24 maart 2026 fynt de lansearring fan it projekt plak, yn Museum Joure.

Subsydzje foar ynnovatyf projekt op it snijflak fan erfgoed, geur en ûntwerp

Hieltyd mear minsken beseffe hoe wichtich oft roken binne foar ús oantinkens, gefoelens en identiteit. Dochs is rook yn it erfgoedfjild amper te sjen of taastber. Een Neus voor Erfgoed – in gearwurking tusken KNAW Humanities Cluster (Meertens Instituut en NL-Lab), Fryske Akademy en IFF (International Flavors & Fragrances) – wol dêr feroaring yn bringe troch rook in folweardich plak te jaan binnen erfgoedûndersyk, musea en argiven.

It projekt, dat rint fan febrewaris 2026 oant juny 2027, ûnder lieding fan prof. dr. Inger Leemans (heechlearaar Kultuerskiednis en haadûndersiker fan NL-Lab by it KNAW Humanities Cluster), ûntfangt subsydzje fan CLICKNL, it kennis - en ynnovaasjenetwurk foar de kreative yndustry. It projekt ûntwikkelet ynnovative metoaden dêr't wittenskip, kreatyf ûntwerp en partisipaasje yn gearkomme.

Wêrom Fryslân?  

Fryslân foarmet in nijsgjirrige aktuele kasus, omdat dêr yn 2025 ‘de geuren en geluiden van het Friese platteland' opnommen binne yn de erfgoedaginda fan de Provinsje Fryslân. Dit inisjatyf ropt fûnemintele fragen op: wat ferstean wy eins ûnder ‘de geuren fan Fryslân’? Binne dat de geuren fan kowestâlen en it Waad? Of fan sûkerbôle, dúmkes, krûdebitters, teunisblommen, it stjonkfabryk, of houtsnijen? Jarre, broeireek, skiepperook, of boskreek? Hoe kinne dizze histoaryske geurlânskippen en hieltyd ferfleanende geuren fêstlein wurde?

Hoe ûndersikest erfgoedgeuren? 

Wat geurerfgoed is, bepaalst net fan boppen ôf. Yn in Neus foar Erfgoed sille ûndersikers dan ek mei ferskate Fryske mienskippen op 'e siik nei karakteristike Fryske geuren – fan plattelânsgeuren, fabrykswalms en wetterkultueren oant streekgerjochten en ambachten. Elkenien is útnûge om mei te dwaan. It ûndersyk ferkent dêrby sels net-minsklike perspektiven: wat is geurerfgoed út de noas fan kij, skiep of oare bisten? 

Om dat te ûndersykjen sil it projekt in fragelist útsette, de argiven yndûke, geurspeurtochten ûndernimme, rûksesjes en noaskonversaasjes organisearje. Ek sil it projekt histoaryske geuren ‘rekonstruearje’ litte. In nije útdaging foar parfumeurs: want hoe ûntwerpst eins de rook fan moddersleatten, it Waad, skieppestâlen, in kofjefabryk, iuwenâlde tsjerkjes, sile op 'e marren, ride op natueriis of …?

Untwerpen om oer geur te praten 

Omdat geurûnderfiningen faak dreech ûnder wurden te bringen binne, ûntwikkelet it projekt, yn gearwurking mei kreatyf ûntwerper Lotte Meeuwissen, in ynteraktive ' geurtafel ' dy't minsken útnûget om te rûken en geurbelevingen te dielen. Dizze geurtafel sil op toer gean troch de provinsje om kennis op te heljen by ferskate mienskippen. 

Erfgoedgeuren ‘ten neuze’ bringe

Nei de ûndersyksfaze sil de tafel ek ynset wurde yn musea om besikers it geurerfgoed fan Fryslân besnuffelje litte te kinnen.

Mearwearde foar erfgoed en kreative yndustry 

It projekt smyt nije kennis op foar erfgoedprofessionals, beliedsmakkers en kreative bedriuwen. De resultaten helpe om geur bewuster yn te setten foar edukaasje, belibbing en kommunikaasje binnen de kulturele en kreative sektor.

Programma lansearring

De lansearring fynt plak op tiisdei 24 maart 2026 yn Museum Joure, op de 'bakermat' fan Douwe Egberts.

14.00-14.30 oere: Ynrin mei kofje 
14.30-15.15 oere: Ynlieding troch Jantine van der West (Fryske Akademy), folge troch presintaasjes oer Een Neus voor Erfgoed en it geurerfgoed fan Fryslân troch Inger Leemans (projektlieder), Eveline de Smalen (postdoc projekt), Lotte Meeuwissen (sintúchlik ûntwerper) en Museum Joure.
15.15-16.15 oere: Geurmerk, mei kofjepriuwerij en smellwalks oer it museumterrein. 
16.15-16.30 oere: Ofsluting 

Praktyske ynformaasje

Datum en tiid: Tiisdei 24 maart 2026, 14.00-16.30 uur 
Lokaasje: Museum Joure, Museumstraat 2 8501 CD De Jouwer (ynfo oer berikberens/parkearjen)  
Oanmelde: Tagang is fergees, wol freegje wy jo om jo oan te melden fia Eventbrite (uterlik 17 maart 2026). Ticket is ynklúsyf museumtagong. 

Partners 

Een Neus voor Erfgoed is in gearwurking tusken: 

  • KNAW Humanities Cluster (Meertens Instituut & NL-Lab)
  • Fryske Akademy
  • IFF (International Flavors & Fragrances)
  • Lotte Meeuwissen 

Subsydzjejouwer CLICKNL www.clicknl.nl