Primeur: tsiende-iuwsk Fikingswurdfragmint fûn yn Fryske boaiem
It Fries Museum en de Fryske Akademy presintearje in opmerklike archeologyske ûntdekking: in fragmint fan in Fikingswurd út de tsiende iuw, ûntdutsen yn ’e omkriten fan Wytmarsum. It giet om in ‘pommelkape’, dy’t ea it hânfet fan in swurd bekroande en mooglik fergulde west hat. Dit útsûnderlike fragmint, it earste yn syn soart dat yn Nederlân fûn is, biedt in seldsum ynsjoch yn de ynterkulturele netwurken fan de Fikingwrâld en de krúsjale rol dy't Frisia dêryn spile hat. De Fryske Akademy en it Fries Museum dogge mei-inoar neier ûndersyk nei de fynst, dy't taheakke is oan de kolleksje fan it museum.
Archeologyleafhawwer Sander Visser fan Lelystêd die de fynst op 3 maaie 2024 op in ikker by Wytmarsum. Doe't syn detektor in heech, helder lûd makke, sette er de skeppe yn it greidlân en op noch gjin tweintich sintimeter djipte, krekt ûnder it gers, fûn er it objekt. Visser hie fuortdaliks troch dat it in part fan in pommel wie en dat dit fanwegen de dekoraasje bysûnder wie.
In útsûnderlike ûntdekking
De ûntdekking, fersierd yn de karakteristike ‘Mammestyl’ fan de tsiende iuw, is in fassinearjend foarbyld fan Fikingambacht. Oan elk ein binne dierkoppen yn ’e foarm fan wylde swinen werom te kennen, de omheech krolle bek fan it swyn is noch dúdlik sichtber. Yn de Fikingkultuer steane wylde swinen symboal foar krêft en moed, en wurde se assosjearre mei striid en beskerming.
De fynst fan dit Fikingfragmint yn Fryslân ûnderstreket de rol dy't it gebiet spile as skeakel binnen de Fikingnetwurken. Dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, direkteur fan de Fryske Akademy en ekspert op it mêd fan Frisia en de Fikingwrâld, stelt: “Dizze bysûndere fynst lit sjen dat der noch in soad te ûntdekken falt oer de Fikingtiid yn Frisia, in gebiet grutter as it hjoeddeiske Fryslân, dêr't wy de ôfrûne jierren troch ûndersyk gâns mear oer te witten kommen binne. It fersterket ús begryp fan de kontakten tusken Frisia en de Fikingwrâld yn Skandinavië en de Britske eilannen, en biedt in nije diminsje oan ús histoarysk ynsjoch, om't dy prachtige pommelkape in primeur yn Nederlân is.”
‘Epyske’ swurden
Mei stipe fan de Nederlânske Organisaasje foar Wittenskiplik Undersyk (NWO) ûndersiket dr. Diana Spiekhout, konservator midsiuwen en terpekultuer by it Fries Museum, al langere tiid swurden út it iermidsiuwske Frisia, in gebiet dat ea it Nederlânske kustgebiet, de omkriten om Utert hinne en de Dútske East-Fryske kust omfette.
Yn Noard- en Noardwest-Europa wiene iermidsiuwske swurden net samar wapens; men koe der minsklike eigenskippen oan takenne en se koene in wichtige symboalyske wearde hawwe. “Soest dit ‘epyske’ swurden neame kinne”, sa seit Spiekhout. Guon swurden mei in grutte status waarden generaasjes lang trochjûn binnen elitenetwurken, wêrby't opinoar folgjende eigeners soms lúkse fersieringen taheakken of ûnderdielen ferfongen. Yn Frisia binne spoaren fûn fan dizze wize fan omgean mei swurden, mar benammen oant de achtste iuw. Nei dy tiid waard de dekoraasje meastal standerdisearre.
Dit resint fûne fragmint ropt fragen op oer it ‘libben’ fan it swurd dêr’t it ea by hearde. Is dizze pommelkape in lúkse ûnderdiel, ea mei sin ferwidere troch in nije eigener dy't it swurd nei eigen winsk oanpasse woe? Of is it hiele swurd miskien útinoar helle? En hoe is it hjir telâne kaam?
Gearwurking
De ûntdekking markearret it begjin fan in mienskiplik ûndersyk nei it fragmint troch de Fryske Akademy en it Fries Museum, dêr't sokke fragen yn sintraal steane. “Troch ús ekspertizen te kombinearjen kinne wy dizze fynst út ferskate ynfalshoeken wei bestudearje, nammentlik út de Fryske kontekst wei, de Fikingwrâld en út swurdtradysjes wei”, seit Spiekhout. It ûndersyk sil him ek rjochtsje op de relaasje mei oare fynsten en de efterlizzende netwurken, mei de ferwachting dat de befiningen ein 2025 publisearre wurde sille.
Primeur foar it publyk yn 2025
Fan 23 april 2025 ôf wurdt de pommelkape presintearre as ûnderdiel fan de tentoanstelling Boven het maaiveld - 25 jaar archeologische vondsten yn it Rijksmuseum van Oudheden yn Leien. Dit is in grutte oersjochstentoanstelling oer de meast opfallende, opmerklike, bysûndere ûntdekkingen fan 25 jier Nederlânske archeology. Nei dizze premjêre ferhuzet it objekt yn de hjerst fan 2025 werom nei it Fries Museum.