Skip to main content Skip to page footer

F.l.n.r. Aline Bäse (staazjerinner Ostfriesische Landschaft), Dr. Mans Schepers (RUG), Dr. Diana Spiekhout (Fries Museum), Dr. Han Nijdam (Fryske Akademy), Ewoud van Aalst (Fryske Akademy)

Treffen im Steinhaus: it INTERREG-Redbadprojekt

De Fryske Akademy is belutsen by in grut ynterregionaal projekt oer de Aldfryske kening Redbad en iermidsiuwsk Frisia. Op tongersdei 18 septimber kamen fertsjintwurdigers fan ferskate projektpartners byinoar yn it Steinhaus yn it Dútske Bunderhee.

Yn Bunderhee wie ien fan de ûnderwerpen de wittenskiplike bondel oer kening Redbad, dy't yn nauwe gearwurking troch in breed skala oan ûndersikers skreaun wurdt. Undersikers fan de Fryske Akademy, it Fries Museum, de Ryksuniversiteit Grins, it Niedersächsisches Institut für Historische Küstenforschung en de Ostfriesisische Landschaft wurkje yntinsyf gear oan dit projekt. 

De gearkomste yn Bunderhee tsjinne benammen as tarieding op in gruttere ynternasjonale twadeiske gearkomste fan alle belutsen projektpartners, op 29 en 30 septimber yn Emden. Dêrfoar binne de nije en nijsgjirrige ûndersyksresultaten dield en oplossingen socht foar de útdagingen dy't de bondel mei him meibringt. 

De wittenskiplike bondel is lykwols mar ien fan al dy ûnderdielen fan it gruttere ynterregionale projekt. Sa komt der in yndrukwekkende tentoanstelling dy't earst yn it Fries Museum en letter yn Emden te sjen wêze sil, ferskynt der in publyksboek foar elkenien dy't mear witte wol oer Redbad, wurdt der in game ûntwikkele oer syn tiid troch MytheMakers, en rinne der noch tal fan oare inisjativen.

Projekt REDBAD wurdt útfierd yn it ramt fan it Interreg VI-programma Deutschland-Nederland en wurdt mei finansiere troch de Europeeske Uny, it Niedersächsische Ministerium für Bundes- und Europaangelegenheiten und Regionale Entwicklung, Provinsje Fryslân en Provinsje Grins.

Mear ynformaasje oer dit projekt is ek te finen op de Interreg-website.