Skip to main content

Ferbiner fan taal, geografy en skiednis: Alex Kerkhof wint Wittenskipspriis Campus Fryslân!

Peter-Alexander Kerkhof (l.), Deike Schulz (r.), Wido Heeman (byldskerm). Foto: Campus Fryslân.

Dr. Alex Kerkhof fan de Fryske Akademy is de winner fan de Wittenskipspriis Campus Fryslân 2023! Kerkhof die ynterdissiplinêr ûndersyk nei it ferdwinen fan it 'Frysk' út Seelân en Hollân yn de betide en hege midsiuwen. As histoarysk taalkundige en histoarikus mei kennis fan geografy en plaknammekunde sjocht Alex Kerkhof oer tema’s hinne en ferbynt dy op ynspirearjende wize. Ut namme fan de gemeente Ljouwert rikte wethâlder Nathalie Kramers yn it stedhûs fan Ljouwert hjoed de Wittenskipspriis út.

 

Jong talint

De sjuery fan de Wittenskipspriis Campus Fryslân 2023 is ûnder de yndruk fan it jonge talint dat ûndersyk docht dat betrekking hat op Fryslân. Foarsitter prof. dr. Anne Beaulieu priizget it ferskaat fan de ynstjoeringen en sjocht dat ûndersikers hieltyd faker ynterdissiplinêr wurkje. ‘Dat is in wichtige ûntjouwing yn de wittenskip, dy’t ek wat seit oer hoe’t fernijend wittenskip yn Fryslân bedreaun wurdt. Dat is te sjen yn 'e fraachstelling en ek yn hoe't wittenskippers oer harren ûndersyk kommunisearje en hoe't se it konkreet ymplemintearje. Yn it ûndersyk fan dr. Alex Kerkhof sjogge wy dat hiel dúdlik werom en it makket dy wittenskiplike bydragen stik foar stik ynnovatyf en spraakmeitsjend.'

De oare twa nominearren wiene Wido Heeman fan it MCL (Clinical translation of laser speckle contrast imaging) en Deike Schulz fan NHL Stenden Hegeskoalle (The construction of organizational legitimacy in online communities).

Alle ynformaasje oer de priis en it sjuerybeslút is nei te lêzen op de website fan Campus Fryslân.