Skip to main content

Posthumus Konferinsje: Regionale skiednis yn in mondiale kontekst

It N.W. Posthumus Instituut en de Fryske Akademy organisearje de Posthumus Conference 2024. De konferinsje wurdt op tongersdei 23 en freed 24 maaie holden yn Ljouwert by de Rijksuniversiteit Groningen, Campus Fryslân. It tema is Regionale skiednis yn in mondiale kontekst. De haadlêzing wurdt fersoarge troch prof. Nikolaus Wolf fan de Humboldt Universiteit út Berlyn. It ko-referaat wurdt holden troch prof. Marijn Molema (Rijksuniversiteit Groningen/Planbureau Fryslân), dy't earder ferbûn wie oan de Fryske Akademy. 

Njonken de haadsprekkers binne der presintaasjes fan promovendy, netwurksesjes, in diplomasearemoanje by it konferinsjediner en in ôfslutende buorrel. It organisaasjekomitee bestiet út: Hanno Brand (Fryske Akademy), Jessica Dijkman, Rogier van Kooten, René van Weeren en Amber Verspui (N.W. Posthumus Instituut).

Foar de konferinsje is in spesjale website ynrjochte mei oanfoljende ynformaasje oer it programma, it tema, oernachtingsmooglikheden ensfh.

Undersyksskoalle
It N.W. Posthumus Instituut is in ûndersyksskoalle binnen Nederlân en Flaanderen foar de Ekonomyske en Sosjale Skiednis, en is in gearwurkingsferbân fan fyftjin universiteiten en ûndersyksynstituten.  It N.W. Posthumus Instituut stimulearret sûnt 1988 ynnovatyf en foarútstribjende ynterdissiplinêr ûndersyk op it mêd fan ekonomyske en sosjale skiednis troch it stimulearjen en stypjen fan mienskiplike ûndersyksprogramma's tusken de dielnimmende ynstellings.