-
Alle nijs
- Evenemint (22)
- Spraaktechnology (2)
- Kongres (8)
- Gastûndersyk (5)
- Meidwaan (17)
- Minske en omjouwing (20)
- Wurkferbannen (15)
- Taal en meartaligens (33)
- Skiednis en erfgoed (34)
- Publikaasje (16)
- Media (13)
- Fakatuere (4)
- Mercator (52)
- Algemien (94)
Famylje Corbie sintraal yn lêzing Genealogysk Wurkferbân
It Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy nûget elkenien út foar de gearkomste fan sneon 4 jannewaris 2025 om 13.30 oere yn Tresoar. Maurice D. Heeremans en Niki Hiemstra fersoargje dan in lêzing oer de famyljes Corbée, Corbie, Corbié, Corbier, Corpiejé en Corpier.
De meast bysûndere persoanen fan de famyljes wurde útljochte: de hurde wurkers, de strjitfigueren en de saneamde 'deugnietjes' yn de gefangenis. De yntree is fergees, en elkenien is wolkom, ek net-leden. Mear ynformaasje kinne jo lêze yn de útnûging fan it wurkferbân.
Sian Wierda sprekker twadde gearkomste yn 2025
Op sneon 1 febrewaris 2025 is de twadde gearkomste fan it nije jier. Dan is Sian Wierda te gast as sprekker oer it tema 'Earmoed en kultuer yn de heidedoarpen'. Wierda is redakteur by Omrop Fryslân en hy mei him yn syn frije tiid graach ferdjipje yn it ferline fan syn eigen famylje, dy’t fan mems kant foar in part op de âlde heidegebieten leit. Ek dizze gearkomste is yn Tresoar, fergees tagonklik en begjint om 13:30 oere.
Oer it wurkferbân
It Genealogysk Wurkferbân graaft yn 't papierene ferline fan Fryslân. Genealogen hâlde harren dwaande mei it ûndersyk fan geslachten. Hja jouwe omtinken oan 'e gearhing fan dy geslachten en oan de omstannichheden dêr't dy ûnder libbe hawwe. Hja dogge soks om dêr it eigen ynsjoch mei te ferdjipjen, mar ek om oaren, bygelyks skiedkundigen, mei de útkomsten fan harren ûndersyk te skewielen.