Halink, dr. S. (Simon)
Spesjalismen
Kultuerskiednis, nasjonale identiteit, skiedskriuwing, ferlykjende metodology, kultureel ûnthâld.
Biografy
Simon Halink (Papendrecht, 1983) hat him as kultuerhistoarikus talein op it ferlykjend bestudearjen fan nasjonale bewegingen en de ûntwikkeling fan nasjonale identiteiten yn de 'lange njoggentjinde iuw' (sa. 1789-1914 ) en dan yn it bysûnder yn lytse naasjes lykas Fryslân, Yslân en de Faeröer. Hy promovearre yn 2017 oan de Ryksuniversiteit Grins mei in proefskrift oer Aldnoardske mytology en nasjonale kultuer op Yslân, en hat sûnt dy tiid wurksum west as postdoktoraal ûndersiker oan de Universiteit fan Yslân en as universitêr dosint Moderne Skiednis yn Leien. Ek is er aktyf behelle by it Study Platform on Interlocking Nationalisms (ûnder lieding fan Joep Leerssen, Universiteit van Amsterdam) en de dêroan liearre Encyclopedia of Romantic Nationalism in Europe.
Sûnt 2021 is Halink ferbûn oan de Fryske Akademy, dêr't er ûndersyk docht nei it ûntstean fan in Fryske nasjonale identiteit yn de njoggentjinde en tweintichste iuw, yn de bredere kontekst fan de Europeeske kultuerskiednis.