Skip to main content

Undersyksaginda Fryske Akademy 2023-2027: projekt Taal en meartaligens & Minske en omjouwing

  

Frisistyk.nl

Online tydskrift foar Fryske taal- en letterkunde


Titel:  Frisistyk.nl, online tydskrift foar de Fryske taal- en letterkunde
Undersykstema: Taal en meartaligens | De minske en syn omjouwing
Rintiid: 2023 - ...
Koördinaasje Fryske Akademy: Anne Merkuur
Partners: Neerlandistiek.nl
Finansiering
Projektwebsite: Frisistyk.nl
Kontakt: Anne Merkuur


Projektomskriuwing

De Fryske Akademy en de redaksje fan Neerlandistiek.nl wurkje oan Frisistyk.nl, in nij online tydskrift wijd oan Fryske taal- en letterkunde. It is in útwreiding fan it suksesfolle Neerlandistiek.nl, in website dy't it midden hâldt tusken in wittenskiplik tydskrift en in kenniswebsite foar in lekepublyk. Frisistyk.nl sil njonken algemiene stikken oer Fryske taalkunde, skiednis en letterkunde ek romte biede oan ûnderwerpen lykas Frysk yn it ûnderwiis en Frysk taalbelied en oan de taal- en letterkunde fan de oare Fryske talen lykas it Noardfrysk en Sealterfrysk.

De ôfrûne jierren ferskynden al regelmjittich stikken oer it Frysk of Fryslân op Neerlandistiek.nl, skreaun troch ûndersikers en saakkundigen út it Fryske fjild. No kin elkenien dêr al in antwurd fine op fragen lykas wat Crusader Kings III te krijen hat mei de skiednis fan Fryslân, oft Fryske bern ek in Gooise R yn harren Nederlânsk brûke, en hoe’t it Nederlânsk it Frysk beynfloedet. It is net ferwûnderlik dat frisisten graach harren kennis diele fia dit platfoarm, want mei sa’n 10.000 unike besikers per dei en 3.500 folgers op Facebook en hast 8.000 op X (earder: Twitter) hat dit online tydskrift in grut berik yn Nederlân en spilet it in ferbinende rol yn it fjild fan de taal- en letterkunde.

Om de Fryske taal- en letterkunde in promininter eigen plak te jaan op de website is ûnder de paraplu fan Neerlandistiek.nl de aparte website Frisistyk.nl opset, dy't fersoarge wurdt troch de Fryske Akademy en bydragen ferwolkommet fan elkenien dy't him mei de frisistyk dwaande hâldt.

[]