Skip to main content
Hindrik Sijens yn Utert, 25 septimber 2015.

Taaldeskripsje en standerdisearring

De Fryske Akademy beskriuwt it Frysk fan no en fan earder en ûntwikkelet digitale helpmiddels foar sawol ûndersikers as gewoane taalbrûkers. Dêrtroch spilet de Fryske Akademy ek in belangrike rol yn 'e standerdisearring fan it Frysk.

Al sûnt de oprjochting is it in kearntaak fan 'e Fryske Akademy om sawol it hjoeddeiske sprutsen en skreaune Frysk as it âldere Frysk te dokumintearjen en te ûntsluten foar wittenskiplik ûndersyk. De Fryske Akademy ûndersiket sawol it taalgebrûk as de hearskjende taalnoarms en hat in belangrike taak as ûntwikkeler fan taalhelpmiddels foar brûkers fan it Frysk. De lange leksikografyske tradysje hat in krúsjale bydrage levere oan 'e standerdisearring fan it Frysk. Neist de fariëteiten fan it Frysk wurde ek oare yn Fryslân sprutsen taalfariëteiten dokumintearre en bestudearre.

De Fryske Akademy bout, oanslutend by nasjonale inisjativen om de digital humanities hinne, oan digitale korpora en ûndersyksynstruminten en hat in ynternasjonale pioniersrol by it ûntwikkeljen fan sokke tools foar lytse regionale en minderheidstalen.

Foar it ûntsluten fan it âldere Frysk binne der ferbiningen mei it tema Midsiuwske rjochtstradysjes, foar it hjoeddeiske Frysk mei it tema Ekonomyske klusters.

 

Undersyksdoelen

De kommende jierren rjochtsje wy ús binnen it tema Taaldeskripsje en standerdisearring, yn gearwurking mei eksterne partners, op:

  • Aktualisearjen en oanfoljen fan 'e besteande grammatikale beskriuwingen fan it Frysk;
  • Fonetyske beskriuwing fan it Frysk;
  • Untwikkeljen fan wurdboeken en oersethelpen;
  • Evaluaasje fan fariaasje yn de yn Fryslân sprutsen talen en taalfariëteiten;
  • Beskikber stellen en hâlden fan digitale helpmiddels foar brûkers fan it Frysk;
  • Fierder útbouwen en digitaal ûntsluten fan 'e taaldatabanken Aldfrysk, Midfrysk en Nijfrysk;
  • Oanlizzen fan in monitorkorpus hjoeddeisk sprutsen en skreaun Frysk, mei dêrby ek oandacht foar de oare taalfariëteiten dy't yn Fryslân sprutsen wurde en it taalgebrûk yn 'e nije sosjale media.