Skip to main content Skip to page footer

Wurkgroep Akademylêzingen

De Akademylêzingen (earder de Frouljuslêzingen) is in rige fan seis publykslêzingen ferspraat oer it winterskoft. Elk jier slagget de wurkgroep Akademylêzingen der wer yn in oansprekkende rige gear te stallen yn oparbeidzjen mei frouljusorganisaasjes yn Fryslân.

De rige lêzingen wurdt op twa plakken hâlden: De Koperen Tún yn Ljouwert en It Haske op 'e Jouwer. De ûnderwerpen binne aktuele, edukative, wittenskiplike en algemien-maatskiplike tema's, dêr't sprekkers op eigen wize ynfolling oan jaan kinne.

 

Oprjochtingsjier

1957 (wurkgroep sûnt 2008)

 

Bestjoer en kontakt

Foarsitter: Akkie Lindeboom (e-mail)
Skriuwer: Anneke de Vos
Bestjoersleden: Fenna Stoel, Aukje Dijkstra, Jantsje Kalsbeek, Froukje Swierstra-Luimstra


Programma 2025/2026 - 66ste jiergong

Ljouwert en De Jouwer

De Akademylêzingen wurde organisearre op trije ferskate dagen: tiisdei 18 novimber 2025, freed 23 jannewaris 2026 en tiisdei 10 maart 2026. De earste lêzing fan de dei is moarns fan 10:00-12:00 oere (mei kofjeskoft en diskusje), de twadde lêzing fan 13:30-15:30 oere (mei teeskoft en diskusje).

In ticket foar de Akademylêzingen jout tagong ta seis lêzingen op trije dagen, yn Ljouwert OF op 'e Jouwer.. It is net mooglik om foar in inkelde lêzing in kaart te keapjen.

 

LJOUWERT
Restaurant/Grand Café De Koperen Tuin

Tiisdei 18 novimber 2025

  1. Ds. Herman de Vries: ‘Levie Leeft.'
  2. Notaris Anna de Vries: 'Levenstestament en digitale erfenis'.

Freed 23 jannewaris 2026

  1. Johannes Boonstra, Wetsus: Titel: nnb
  2. Paul ter Heyne, âld-reklameman: 'De vele negatieve gevolgen van marketing en reclame'.

Tiisdei 10 maart 2026

  1. Prof. dr. Mart van Lieburg: 'Dr. Banga: Verloskunde en vrouwenziekten in 19e-eeuws Franeker'.
  2. Dr. Han Nijdam, Fryske Akademy: ‘De dragers fan de Fryske Frijheid (11e – 15e iuw): adel of boeren?

TICKETS LJOUWERT >>>


 
DE JOUWER
Party- en Zalencentrum 't Haske

Tiisdei 18 novimber 2025

  1. Notaris Anna de Vries: 'Levenstestament en digitale erfenis'
  2. Ds. Herman de Vries: ‘Levie Leeft.'

Freed 23 jannewaris 2026

  1. Paul ter Heyne, âld-reklameman: 'De vele negatieve gevolgen van marketing en reclame'
  2. Johannes Boonstra, Wetsus: Titel: nnb

Tiisdei 10 maart 2026

  1. Prof. dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, Fryske Akademy: 'Frisia en de Vikingtiid'
  2. Prof. dr. Mart van Lieburg: 'Dr. Banga: Verloskunde en vrouwenziekten in 19e-eeuws Franeker'

TICKETS DE JOUWER >>>

 


2024

65ste rige Akademylêzingen

Dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy en Nynke Boonstra, lektor Zorg & Innovatie in de Psychiatrie fan NHL Stenden nimme de earste dei, freed 22 novimber, foar harren rekken. De lêzing fan IJssenagger-van der Pluijm sil gean oer ‘Frisia en de Vinkingtiid’. De lêzing fan Boonstra giet oer ‘Verpleegkunde in de GGZ’.

Op tiisdei 21 jannewaris komt dr. Johanneke Liemburg oan it wurd oer ‘Geertje Lycklama à Nijeholt, 1938- 2014 - Feministisch strategisch’. Prof.dr. Marien de Jonge, Radboud Universiteit Nijmegen, sil it hawwe oer ‘Infectie en immuniteit, afweer en bescherming’.

De rige wurdt op 14 maart 2025 ôfsletten. Dennis Voeten, konservator Natuermuseum Fryslân, sprekt moarns yn Ljouwert oer: 'Friese Dino's in vogelvlucht. De oorsprong en evolutie van vogels'.  Direkteur fan it Natuermuseum Fryslân, Froukje Hernamdt, fertelt oer 'De takomst fan it Natuermuseum Fryslân' (middeis op ‘e Jouwer). De heer M.W.P.M. ter Berg, senior raadsheer bij het Gerechtshof Arnhem-Leeuwarden sprekt moarns Op ‘e Jouwer en middeis yn Ljouwert. De titel fan de lêzing fan Ter Berg liedt: ‘Als u rechter was, dan zou u ….. of toch maar niet?


Jubileum 60 jier Akademylêzingen

Yn 2018 waarden de Akademylêzingen foar de 60ste kear organisearre. Dêrta wie der in jubileumedysje op tiisdei 13 maart 2018 yn De Harmonie yn Ljouwert, mei in lêzing fan sosjologe Evelien Tonkens en muzyk fan Tet Rozendal.

 

Aginda

Seizoen 2025/2026

(It is net mooglik om foar 1 dei in kaart te keapjen)

De data binne:

- Tiidsdei 18 novimber 2025

- Freed 23 jannewaris 2026

- Tiisdei 10 maart 2026