Wurkgroep Akademylêzingen
De Akademylêzingen (earder de Frouljuslêzingen) is in rige fan seis publykslêzingen ferspraat oer it winterskoft. Elk jier slagget de wurkgroep Akademylêzingen der wer yn in oansprekkende rige gear te stallen yn oparbeidzjen mei frouljusorganisaasjes yn Fryslân.
De rige lêzingen wurdt op twa plakken hâlden: De Koperen Tún yn Ljouwert en It Haske op 'e Jouwer. De ûnderwerpen binne aktuele, edukative, wittenskiplike en algemien-maatskiplike tema's, dêr't sprekkers op eigen wize ynfolling oan jaan kinne.
Oprjochtingsjier
1957 (wurkgroep sûnt 2008)
Bestjoer en kontakt
Foarsitter: Akkie Lindeboom (e-mail)
Skriuwer: Anneke de Vos
Bestjoersleden: Fenna Stoel, Aukje Dijkstra, Jantsje Kalsbeek, Froukje Swierstra-Luimstra
Programma 2026/2027 - 67ste jiergong
Ljouwert en De Jouwer
De Akademylêzingen wurde organisearre op trije ferskate dagen: freed 13 novimber 2026, tiisdei 26 jannewaris 2027 en freed 19 maart 2027. Eltse dei binne der twa lêzings: de earste lêzing fan de dei is moarns fan 10:00-12:00 oere (mei kofjeskoft en fragen/diskusje), de twadde lêzing fan 13:30-15:30 oere (mei teeskoft en fragen/diskusje).
In ticket foar de Akademylêzingen jout tagong ta seis lêzingen op trije dagen, yn Ljouwert OF op 'e Jouwer.. It is net mooglik om foar in inkelde lêzing in kaart te keapjen.
LJOUWERT
Restaurant/Grand Café De Koperen Tuin
Freed 13 novimber 2026
- Dr. Jacob Klimstra - 'Boek René van Stipriaan - Ofskie fan it âlde Nederlân: is ús demokrasy noch te rêden?’
- Ds. J. Vonk - ‘Socrates en Plato. Vroedvrouw en grotbewoner’
Tiisdei 26 jannewaris 2027
- Drs. Mark Raat, promovendus - ‘Skiednis fan it Fryske Feangreidegebiet yn hjoeddeistich perspektyf ‘
- Drs. Froukje Santing - ‘Pake en zijn vee. Een reis naar Zuid-Afrika in 1911’
Freed 19 maart 2027
- Dr. Marije Elferink-Gemser - ‘Foarsizzen ûntwikkeling talinten yn de sport'
- Prof. dr. Theunis Piersma, RUG - 'Wat fûgels elkoar oer ús lân fertelle'
TICKETS LJOUWERT >>>
DE JOUWER
Party- en Zalencentrum 't Haske
Freed 13 novimber 2026
- Ds. J. Vonk - ‘Socrates en Plato. Vroedvrouw en grotbewoner’
- Dr. Jacob Klimstra - 'Boek René van Stipriaan - Ofskie fan it âlde Nederlân: is ús demokrasy noch te rêden?’
Tiisdei 26 jannewaris 2027
- Drs. Froukje Santing - ‘Pake en zijn vee. Een reis naar Zuid-Afrika in 1911’
- Drs. Mark Raat, promovendus - ‘Skiednis fan it Fryske Feangreidegebiet yn hjoeddeistich perspektyf '
Freed 19 maart 2027
- Prof. dr. Theunis Piersma, RUG - 'Wat fûgels elkoar oer ús lân fertelle'
- Dr. Marije Elferink-Gemser - ‘Foarsizzen ûntwikkeling talinten yn de sport'
TICKETS DE JOUWER >>>
2025/2026 - 66ste jiergong
Ljouwert en De Jouwer
Yn 2025/2026 wiene de Akademylêzingen op tiisdei 18 novimber 2025, freed 23 jannewaris 2026 en tiisdei 10 maart 2026. Yn novimber wiene de lêzings fan Ds. Herman de Vries: ‘Levie Leeft.', en Notaris Anna de Vries: 'Levenstestament en digitale erfenis'. Yn jannewaris wiene it Johannes Boonstra fan Wetsus en Paul ter Heyne, âld-reklameman: 'De vele negatieve gevolgen van marketing en reclame'. Yn maart kamen Prof. dr. Mart van Lieburg: ‘Dr. Banga: Verloskunde en vrouwenziekten in 19e-eeuws Franeker’, Prof. dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, Fryske Akademy: 'Frisia en de Vikingtiid' (De Jouwer) en en Hilbert Vinkenoog, 'Viking and Medieval Studies, Oslo: ‘Pre-kristlike religy fan Fryslân yn de iere midsiuwen' (Ljouwert) as ferteller by de Akademylêzingen.
2024
65ste rige Akademylêzingen
Dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy en Nynke Boonstra, lektor Zorg & Innovatie in de Psychiatrie fan NHL Stenden nimme de earste dei, freed 22 novimber, foar harren rekken. De lêzing fan IJssenagger-van der Pluijm sil gean oer ‘Frisia en de Vinkingtiid’. De lêzing fan Boonstra giet oer ‘Verpleegkunde in de GGZ’.
Op tiisdei 21 jannewaris komt dr. Johanneke Liemburg oan it wurd oer ‘Geertje Lycklama à Nijeholt, 1938- 2014 - Feministisch strategisch’. Prof.dr. Marien de Jonge, Radboud Universiteit Nijmegen, sil it hawwe oer ‘Infectie en immuniteit, afweer en bescherming’.
De rige wurdt op 14 maart 2025 ôfsletten. Dennis Voeten, konservator Natuermuseum Fryslân, sprekt moarns yn Ljouwert oer: 'Friese Dino's in vogelvlucht. De oorsprong en evolutie van vogels'. Direkteur fan it Natuermuseum Fryslân, Froukje Hernamdt, fertelt oer 'De takomst fan it Natuermuseum Fryslân' (middeis op ‘e Jouwer). De heer M.W.P.M. ter Berg, senior raadsheer bij het Gerechtshof Arnhem-Leeuwarden sprekt moarns Op ‘e Jouwer en middeis yn Ljouwert. De titel fan de lêzing fan Ter Berg liedt: ‘Als u rechter was, dan zou u ….. of toch maar niet?
Jubileum 60 jier Akademylêzingen
Yn 2018 waarden de Akademylêzingen foar de 60ste kear organisearre. Dêrta wie der in jubileumedysje op tiisdei 13 maart 2018 yn De Harmonie yn Ljouwert, mei in lêzing fan sosjologe Evelien Tonkens en muzyk fan Tet Rozendal.
- Foto-ympresje fan it jubileumprogramma (Flickr)
- Filmke oer 60 jier Akademylêzingen troch NHL-studinten
Aginda
Seizoen 2025/2026
(It is net mooglik om foar 1 dei in kaart te keapjen)
De data binne:
- 13 novimber 2026
- 26 jannewaris 2027
- 19 maart 2027