Skip to main content

Froulju yn de wittenskip by de Fryske Akademy

Op 11 febrewaris is it de ynternasjonale dei fan froulju yn de wittenskip. De dei is wijd oan it befoarderjen fan gelikense tagong ta oant folsleine dielname oan de wittenskip foar elkenien.

By de Fryske Akademy hat it – lykas by in soad oare wittenskiplike organisaasjes – lang sa west, dat manlju wurken yn de wittenskip en dat froulju benammen stipeferlienende funksjes hiene. Der binne ûnderwilens hyltiten mear froulike wittenskippers by de Fryske Akademy oan it wurk. Ta gelegenheid fan de ynternasjonale dei fan froulju yn de wittenskip, sette wy graach in pear fan harren yn it sintsje: Jelske Dijkstra, Anne-France Pinget en Suzanne Dekker.

Dr. Jelske Dijkstra (45) is sûnt koart projektmanager fan it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartalichheid en Taallearen, mar se is al folle langer oan de Fryske Akademy/Mercator ferbûn as ûndersiker. Se promovearre yn 2013 oan de Universiteit van Amsterdam op in ûndersyk nei de twatalige taalûntwikkeling fan pjutten yn Fryslân. Se mei graach dingen systematysk ûndersykje, mar dat se wittenskipper wurden is, hat ek foar in part te meitsjen mei wat gelok, is se fan betinken. Se genietet fan har wurk dat har ek op in soad kongressen op ferskate plakken brocht: “It moetsjen fan bysûndere minsken bliuwt spesjaal”. As se in jongere ferzje fan har sels wize ried jaan moatte soe, soe se sizze: “Net opjaan, want de oanhâlder wint”.

De 36-jierrige dr. Anne-France Pinget is sûnt 2021 as postdoktoraal ûndersiker oan de Fryske Akademy ferbûn, dêrneist wurket se as universitêr dosint by de Universiteit Utrecht, Oan dy universiteit promovearre se ek yn 2015. Dat se ûndersiker wurden is hat te krijen mei dat se it leuk en spannend fynt om hielendal út te finen hoe’t yts presys wurket of hoe’t it yn elkoar stekt. “Wat bart der bygelyks presys yn de mûle ast in bepaalde klankt útsprekst? Lykas de ‘v’ en de ‘f’ dêr’t ik yn spesjalisearre bin? Earst sykje ik it hielendal út foar dizze klanken foar ien taal, lykas it Nederlânsk, en dêrnei besykje it algemiener te meitsjen nei oare talen, bygelyks it Frysk, en oare klanken”. Yn har stúdzje en promoasjetiid die bliken dat se dêr goed yn wie. “Myn kollega’s en liedingjaanden fregen my om der mei troch te gean, dat dat haw ik mar dien!”

Trochsettingsfermogen
De wittenskip hat har noch mear nijsgjirrigens en trochsettingsfermogen brocht as dat se al hie. It is allinne ek sa dat wittenskiplike wrâld net altiten perfekt is. “Der is in soad kompetysje, in soad ûnrjochtfeardichheid en de saneamde wittenskiplike frijheid is ek net altiten goed oanwêzich. Ik hoopje dat wy mei syn allen wurkje kinne oan in bettere, rjochtfeardiger wittenskiplike wrâld”.  It trochsettingsfermogen hat se fan har heit meikrigen. In froulike wittenskipper dy’t har ynspirearre hat is har earste dosinte Nederlânske taalkunde yn har Bachelorjier in België: Laurence Mettewie, dy’t tafallich of net… de frou is fan Hans Van de Velde. “Hja hat my it basisark en de -kennis meijûn om taalwittenskiplik ûndersyk te dwaan”.  

As goede ried oan in jongere ferzje fan har sels en oan oare jonge froulju, seit Anne-France: “Moatst net twifelje oan dysels en do moatst dysels besykje te ‘ferkeapjen’. Mear selswissichheid, witte wêrst nei ta wolst en dat dêrnei ‘lûd’ fertelle oan elkenien”.

As lêste komt Suzanne Dekker MA oan it wurd. Hja is 35 jier en wurket sûnt oktober 2023 by it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen as postdoktoraal ûndersiker. Se sil yn juny har dissertaasje ferdigenje, dêr’t se oan wurke hat by NHL Stenden Hogeschool en de Rijksuniversiteit Groningen. Har promoasje-ûndersyk giet oer de ûntwikkeling en ymplemintaasje fan in meartalige oanpak yn Fryske basisskoallen. Yn har wurk is Suzanne dreaun troch nijsjirrigens en graach ta de boaiem fan dingen komme wolle. Ek tinkt se dat it wichtich is om wittenskiplike kennis en praktysk ynsjoch te kombinearjen: “As wittenskipper yn de tapaste taalkunde wol ik bydrage oan sawol it opheljen fan nije ynsjoggen as it op in tagonklike wize fersprieden fan wittenskiplike en praktyske kennis”.

‘Progress over perfection’
Har jongere sels soe de tip ‘progress over perfection’ brûke kinne: “Net alles hoecht perfekt te wêzen watst dochst. In earste ûntwerp - fan in paper, in produkt, of sels in resept - is der faaks om te ferbetterjen, en it is wichtiger datst foarút giest dan datst stil stiest”.