Skip to main content

Undersyksaginda Fryske Akademy 2023-2027: projekt De minske en syn omjouwing

  

Ynterviewbondel Fryske dichteressen

Yn it ramt fan ’e Redaksje Literêre Rigen


Titel: Ynterviewbondel Fryske dichteressen
Undersykstema: De minske en syn omjouwing
Rintiid: 2022 – 2024
Koördinaasje Fryske Akademy: Janneke Spoelstra
Partners: Afûk (NL), Redaksje Literêre Rigen
Mei finansierd troch: Provinsje Fryslân (subsydzje sekundêre literatuer)
Projektwebsite: -
Kontakt: Janneke Spoelstra


Projektomskriuwing

De Gysbert Japikspriis, de foarnaamste priis foar Fryske literatuer (sûnt 1947), is mar troch fiif froulju wûn, ferlike mei 32 manlju (dêrfan wûnen twa him ek noch twa kear!). Noch gjin 20% fan ’e ynhâld fan Frysk literêr tydskrift Ensafh (papieren edysjes jierren 2020 en 2021) is ôfkomstich fan froulju. It tal dichtbondels dat troch froulju útbrocht is yn ’e lêste fiif jier is 30% fan it tal dat troch manlju útbrocht waard. (jierren 2017-2022) Mar by Dichterskollektyf Rixt (sûnt 2018) binne hast likefolle froulju oansletten as manlju. En de tredde Dichter Fan Fryslân wie frou. Hoe sjogge Fryske dichteressen har eigen posysje yn it Frysk literêre fjild? Wat binne de ûntjouwingen fan ’e ôfrûne tritich jier? Om mear ljocht op dizze fragen hâldt ûndersikerJanneke Spoelstra ynterviews mei tsien Fryske dichters dy’t ek frou binne.  

De ynterviewbondel is bedoeld as update fan Jelma Knol har boek ‘út syn aerd wei froulik, de Fryske dichteressen en it misferstân’ (1993) en ferskynt yn ’e Literêre Rigen fan ’e Fryske Akademy. Spoelstra seach nei ferskillende persintaazjes fan ‘homing in’ fan froulju yn ’e Fryske literatuer. Guon persintaazjes as update fan Jelma Knol har sifers fan 1993, bygelyks hoefolle oft froulju bydroegen oan de Frysk literêre tydskriften Hjir (doe) en Ensafh (no), en guon nije persintaazjes, lykas it dielnimmen fan froulju oan Dichterskollektyf Rixt. Hoe’t de Fryske sifers har ferhâlde ta gegevens oer de partisipaasje fan froulju yn de Nederlânsktalige poëzy en bygelyks de Iersktalige poëzy yn Ierlân soe neier ûndersocht wurde kinne.  

It projekt rint oant maart 2024. De Afûk sil de ynterviewbondel útjaan. 

[]


Projektresultaten

 

Lêzingen: 

  • ‘Can female writers in Frisian feel at home in Frisian literature? And do they?’  (ALCS-kongres, tema: Homing in. Edinburgh, july 2022)
  • Wêr bliuwe de froulju? (Conference on Frisian Humanities, tema: Fearkrêft. Ljouwert, sept 2022)
  • Genderdisbalâns yn ‘e Fryske poëzy (miny-kolleezje, Uit in Huis, Fryske Akademy, Ljouwert, 9 sept 2023
  • Ynterviewbondel Fryske dichters dy’t ek frou binne, mei omtinken foar it dichtwurk fan Baukje Wytsma en fan Aggie van der Meer, (foar it Skriuwersboun, Bakkefean, 4 novimber 2023

 

Publikaasjes

  • Spoelstra, J. (2023). Aggie van der Meer (1927-2023): "Dêr skriuwe je net in ferhaal oer, dêr meitsje je in gedicht oer". Fryske Akademy 16-08-2023. 
  • Spoelstra, J. (2023). ‘Hjir keart de kyl de doar nei foarby’, by de 70ste jierdei Margryt Poortstra (Utljochte, www.tresoar.nl, 18 maaie 2023).
  • Spoelstra, J. (2023), ‘Dichtsje foar de frou nextdoor’, by de 85ste jierdei Tine Betlehem. (Utljochte, www.tresoar.nl, 21 maaie 2023).
  • Spoelstra, J. (2023). Undersyk nei Fryske dichteressen. Letterhoeke, 19 (1), 10-11. 
  • Spoelstra, J. (2022). Kinne Fryske skriuwsters har thús fiele yn ’e Fryske literatuer, en dogge se dat? Ensafh, 14(4), 5-18. 
  • Spoelstra, J. (2022). Wêr bliuwe de froulju? www.ensafh.nl, 20 novimber 2022.

 

 

[]